De Tolbrêge nei Alderberkeap

augustus 20, 2022 08:00 Fernijd

De famylje Willinge Prins hat as grutgrûnbesitter in soad ynfloed hân op de ûntwikkeling fan Aldeberkeap, Berkeap (of op syn Stellingswerfsk, Berkoop) sa’t de ynwenners it sels neamden en neame. Berkeap, in doarp mei alluere. Dat is te tankjen oan de monumintale lânhuzen dy’t de famylje Willinge Prins neilitten hat. De beide bruorren Jan en Epke, besieten sa’n 800 bunder lân en 23 pachtpleatsen. It jild dat se dêrmei fertsjinnen, stutsen se yn de ûntwikkeling fan it doarp.

Om de boerestân te stimulearjen waard yn 1896 it bûterfabryk ‘De goede Verwachting’ oprjochte mei Epke as foarsitter. Op inisjatyf fan de Willinge Prinsen kaam der ek noch in Coöperative Aankoop Vereniging (CAV) en stichten se de earste lânbouskoalle fan Nederlân.

Epke wie yn 1902 de grûnlizzer fan de Coöperative Voorschot-Spaarbank, dy’t letter as selsstannige Bank Berkoop trochgie. De Berkeapers kloppen dêr ek wol oan foar lieningen by menear Jan en menear Epke, sa’t de wolstelde bruorren yn it doarp mei ûntsach neamd waarden.

Jan ferhuze letter nei de Rânestêd, mar Epke wenne oant syn ferstjerren yn 1949 yn Berkeap. It famyljebesit brokkele nei de oarloch stadichoan ôf. Epkes soan Albert beheinde syn wurksumheden ta it ferpachtsjen fan de pleatsen. Hy ferstoar yn 1991. De lêste besittingen waarden yn 1997 ferkocht. Allinne de grêfkelders binne noch yn it besit fan de famylje.

Tusken Berkeap en Aldhoarne rint it rivierke de Tsjonger, of de Kúnder sa’t it ek bekend is. Dy’t dêroer woene, koene mei in boatsje oerset wurde. Yn 1657 is yn opdracht fan Albert Willinge Prins in tolbrêge oer de Tsjonger makke foar de priis fan 635 gûne. De befolking wie dêr tige oer te sprekken en hie begryp foar de tol dy’t betelle wurde moast as tsjinprestaasje foar de ynvestearring. Willinge Prins krige rjocht fan tolheffing. Mar yn 1928 krige de gemeente Skoatterlân (no gemeente It Hearrenfean) in nije boargemaster, Koos Falkena. Fuort nei syn ynstallaasje begûn er mei in aksje tsjin de tolheffing. Boargemaster Falkena foardere fan de eigener fan de brêge, Willinge Prins, 20 sint fan it betelle toljild werom, omdat er fan betinken wie dat Willinge Prins dêr gjin rjocht op hie. It kaam ta in rjochtsaak. De boargemaster hie mr. A.E. Stoop út Ljouwert as riedsman en Willinge Prins jonkhear A.K.C. de Brauw út De Haach. Lêstneamde grûne it tolrjocht op trije faktoaren. Yn it foarste plak wie der in beslút fan 1859; troch it ferhurdzjen fan de dyk fan De Lemmer nei Donkerbroek wie by Keninklik Beslút fêststeld dat de tolheffing by Berkeap op de besteande manier trochgean koe. Yn it twadde plak berôp de pleiter him op in beslút fan de prefekt fan Fryslân fan 12 juny 1812, dêr’t it rjocht yn fêstlein wie en yn it tredde plak waard troch de pleiter oanfierd dat it tolrjocht op grûn fan ferjierring krige wie.

Feest by it opheffen fan it tol.

Mr. Stoop bestried dy mieningen: it Keninklik Beslút fan 1859 foldie net oan de betingsten dy’t it Keizerlik Dekreet fan 21 oktober 1811 stelde en tsjin it beslút fan de prefekt fûn mr. Stoop dat dat nea op in tolrjocht slaan koe; tsjin it tredde argumint waard ynbrocht dat it gjin gewoan saaklik rjocht lykas eigendom of erfpacht wie, mar in iepenbiere lêst drukkend op elk persoan dy’t dêr lâns moast. In soksoartich rjocht koe net troch ferjierring ûntstean, ek net nei it âld-Nederlânsk rjocht. Mr. Stoop miende dat de tsjinpartij der net yn slagge wie om ek mar iennich rjocht oannimlik te meitsjen en dat syn foardering foar tawizing fetber wie. Hy krige lykwols net gelyk, de tolheffing bleau.

Mar boargemaster Falkena woe gjin belies jaan en tsien jier letter hie er sukses. Der koe ta in minlike skikking kommen wurde. Dêr waard 30.000 gûne foar byinoar fandele. It Ryk jûch 12.500 gûne, gemeente It Hearrenfean 5000, gemeente Eaststellingwerf ek 5000 lykas de VVV Easterwâlde, en de provinsje Fryslân kaam mei 2500 gûne oer de brêge. Foar dat  bedrach die Willinge Prins ôfstân fan syn rjocht op tolheffing; dat barde op 31 maart 1939 yn it kantoar fan notaris Tammens. Dêr kamen Willinge Prins en de boargemasters fan It Hearrenfean en Eaststellingwerf byinoar foar de ôfhanneling fan it skeel. It ôfskaffen fan de tolheffing waard op 1 april 1939 feestlik fierd mei in protte flaggen yn it doarp (foto thússide). Der wiene ferskate offisjele persoanen by oanwêzich. Se giene yn optocht nei it tolhek dêr’t troch de skoalbern in tapaslik liet songen waard. Beide boargemasters leine as symboal de iepen tolhikke oan it keatling en dêrmei koe it frije ferkear úteinsette. G. Bouwhuis, meiwurker fan de pleatslike VVV, fertelde noch it ien en oar oer de skiednis fan de tol en de beide boargemasters, Bontekoe en Falkena, kamen ek oan it wurd. De tritichtûzen gûne dy’t Willinge Prins krige hie, blykte lang net de wearde te hawwen fan de tolynkomsten, wat derop delkaam dat Willinge Prins offere hie.

N.B. Yn it lytse húske dat oan de Aldhoanster kant fan de Tsjonger stie, wenne destiids Jan Mulder, dy’t in boubedriuw hie. Syn suster Jantsje wie behearder fan de tolhikke, dy krige sadwaande de bynamme fan ‘Jantsje tolhekke’. Letter wenne se yn de Mûnehoeke yn Berkeap.

Boarne: ‘Oldeberkoop zonder tol’ yn D.M. van der Woude, Lit ús tinke oan âlde tiden (1972) en it doarpsargyf fan Berkeap. Neiferteld en oerset troch Jangerben Mulder
Foto’s: Doarpsargyf Berkeap. Bewurking Janke Mulder.
augustus 20, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.