‘De 13 fan Obbe Sjutsje’, no al twadde printinge

augustus 25, 2022 09:07

Net faak sil in Frysktalich histoarysk boek sa gau útferkocht west hawwe. Dit jier maaie kaam by útjouwerij DeRyp De 13 fan Obbe Sjutsje fan Mechtilde Postma en Goaitsen van der Vliet út. Seis wike letter, doe’t it besprek fan it boek yn de Ljouwerter Krante noch ferskine moast, wie de hiele oplaach fan trijehûndert stiks al ûnder de minsken.

De reaksjes binne oer alle boegen oerweldigjend posityf. Omdat der noch hieltyd fraach nei it boek is, sil op 9 september in twadde, justjes ferbettere útjefte útkomme, dan by útjouwerij De Oare yn Enschede. De lúkse útfiering is krekt sa as by de earste útjefte. Omdat der no gjin subsydzje mear op sit, is de publykspriis wat ferhege.

It boek mei de ûndertitel ‘De singeliere histoarje fan de Postma’s fan De Tempel yn ’e Sânfurdterryp’ beskriuwt de libbens fan boer Obbe en syn Sjutsje, en harren trettjin bern. De measten dêrfan wiene wat de auteurs ‘net goed’ of op syn minst ‘wif fan geast’ neame. It wie yn in tiid dat der noch hast gjin medisinen foar skizofreny en oare psychyske sykten wiene. Men kin fan tinken wol hawwe, dat him wat ôfspile hat, dêr op ien fan de fierste efterôfplakken fan Fryslân.

Oan ’e hân fan de bewarre bleaune geskriften en de oantinkens fan minsken dy’t ien en oar fan tichtby of fan hearren en sizzen meimakke hawwe, besykje de auteurs yn De 13 fan Obbe Sjutsje de like oangripende as nijsgjirrige famyljeskiednis sa sekuur mooglik te rekonstruearjen.

Folle mear dêroer – ek resinsjes en stikken út it boek – is op https://goaitsen.nl/boek.php?pag=de13 te finen.

augustus 25, 2022 09:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe augustus 25, 12:55

    ,,Seis wike letter, doe’t it besprek fan it boek yn de Ljouwerter Krante noch ferskine moast, wie de hiele oplaach fan trijehûndert stiks al ûnder de minsken.” Wat in nuvere opmerking yn sa’n parseberjocht. Doe’t it besprek yn de LC ferskynde hie ik al lang en breed twa siden yn it FD deroer skreaun. Blykber mei grut risseltaat – as wy dy kant út wolle.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.