CDA pleitet foar mear tiid om stikstofdoel te heljen
Resint ferskynd

Om regearingspartij CDA kinne de stikstofmaatregels wol minder strang wurde. Dat hat CDA-foaroanman Wopke Hoekstra freed tsjin sjoernalisten fan it Algemeen Dagblad sein. Neffens Hoekstra is it eardere plan om de Nederlânske útstjit fan stikstof yn 2030 mei de helte fermindere te hawwen “niet meer heilig”.
Neffens it regear bestiet de kar op ‘t heden út net mear huzen bouwe of it sterk ferminderjen fan it buorkjen yn Nederlân. It hat foar it lêste keazen, wat betstjut dat in protte boeren harren twongen fiele om harren bedriuw der skielk oan te jaan, sadat der in protte ekstra huzen boud wurde kinne. Dat laat al wiken ta demonstraasjes fan benaude boeren dy’t yn ‘e knipe sitte. Hja krije in protte stipe: rûnom yn Nederlân hingje boerebûsdoeken en omkearde Nederlânske flaggen as hert ûnder de riem fan ‘e boeren.
Hoekstra jout it doel om de útstjit te ferminderjen net oer, seit er, mar om him kin it wol wat stadiger. “Boeren moeten ook een eerlijke boterham kunnen verdienen”, sa seit er. Tusken de boeren en it regear wurdt op it stuit ûnder lieding fan Johan Remkes wakker ûnderhannele.
Minister foar natoer en stikstof Christianne van der Wal-Zeggelink lit dúdlik fernimme dat hja net wiis is mei Hoekstra syn útspraak. Foar har is de kar tusken gjin wenten mear bouwe, de stikstof minder redusearje en it sterk ferminderjen fan it boerebedriuw “geen keus”, sa seit hja. Allinnich dy lêste opsje is foar har akseptabel.
Minister-presidint Mark Rutte en minister fan finânsjes Sigrid Kaag wiene net te sprekken oer Hoekstra syn útspraak.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje