Bereiningsferbod yn Brabân fanwege ekstreme drûchte

augustus 9, 2022 09:40

Fan tiisdeitemoarn ôf jildt foar it hiele wetterskip Brabânske Delta oerdeis in bereiningsferbod fanwege de ekstreme drûchte. Oerdeis mei tusken 07.00 en 19.00 oere gjin oerflakwetter brûkt wurde om gewaaksen te besproeien.

Foto: pixabay.com

It wetterskip yn West-Brabân sprekt fan in útsûnderlike maatregel en seit dat “de grinzen fan it wetterferbrûk berikt binne. Der is gewoan te min wetter.” Utsûndering op de maatregel binne it kuoljen fan fruittunen en drinkwetter foar fee. Hoelang’t it ferbod duorje sil, is noch net bekend. It wetterskip seit de situaasje yn ’e gaten te hâlden en sadree’t it kin de maatregel wer yn te lûken.

Skea troch leech wetterpeil
Troch in te leech wetterpeil kin skea oan wetterkearingen ûntstean. Boppedat kinne wetterbisten en -planten deagean. Dêrneist kin blau-alch ûntstean trochdat der gjin wetter is om sleatten en beken troch te spielen. Dat kin de wetterfoarsjenning fan polders ûntregelje, mei’t it wetterskip fanwege sûnensrisiko’s gjin wetter mei blau-alch ynlitte wol. De brânwacht hat ek lêst fan it wettertekoart. By in fillabrân yn Waalre moast mei slangen wetter fan kilometers fierderop helle wurde, wat it dwêsten fan it fjoer fertrage.

Drûchte hâldt oan
Nederlân stiet opnij in wike mei tropyske hjitte te wachtsjen. It wurdt de kommende dagen hieltyd waarmer, mei fan healwei de wike ôf yn grutte parten fan it lân temperatueren boppe de tritich graden. Dat betsjut ek dat de drûchte noch wol even oanhâlde sil, want der wurdt de kommende wike gjin “rein fan betsjutting” ferwachte.

augustus 9, 2022 09:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.