Albert Heijn wol winkelweintsjemunten ôfskaffe

augustus 23, 2022 12:24

Yn ‘e jierren tachtich waarden se oeral yn Nederlânske supermerken ynfierd: de muntsjeslotten op winkelweintsjes. As men der net in gûne yn skode, krige men it karke net mei. Wie men útwinkele en men hie it karke leech weromset, dan koe men it muntsje weromkrije.

Albert Heijn wol dy muntsjes no neefhjitte. Neffens it haadkantoar fan it winkelbedriuw smite se in soad gedoch op as minsken fergetten binne en bring lytsjild mei. Boppedat hoecht men foar sokken gjin sabeare plestikmunten mear te meitsjen, dat better is foar it miljeu.

De muntsjeslotten waarden ynfierd, om’t klanten yn de foarige iuw gauris it winkelweintsje mei nei hûs ta namen en se soms net werombrochten. Dat wie fansels net de bedoeling. Yn de tiid dat de koroanagoarre op ‘n fûlsten wie, diene winkels alles om derfoar te soargjen dat klanten net yn inoars lichemsfetten omtysken en waarden de winkelweintsjes tydlik muntsjefrij makke. Neffens Albert Heijn die doe bliken dat de klanten harren net oars hâlden en droegen as ornaris. In wurdfierder seit: “Er verdwenen niet meer of minder wagentjes.”

Foto: Streetview
augustus 23, 2022 12:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.