Acht minsken ferwûne nei ynsidint mei merke-attraksje yn Venray

augustus 9, 2022 09:49

Foto: pixabay.com

Acht minsken binne moandeitejûn op ’e merke fan it Limburchske Venray licht ferwûne rekke doe’t se yn in sweefmûne sieten. Neffens de gemeente moast ien fan harren foar behanneling nei it sikehûs ta.

Wat der krekt bard is, is ûndúdlik. De acht sieten om 22.20 oere hinne yn de saneamde Europe Flyer, in sweefmûne dy’t fjirtich meter de loft yngiet. Omstanners sizze tsjin it lokale medium Peel en Maas dat guon stuoltsjes in beam rekke hawwe. De gemeente seit yn in ferklearring dat de Nederlânske Fiedsel- en Ware-autoriteit (NVWA) it ynsidint ûndersykje sil. Oant dy tiid is de attraksje ticht, berjochtet 1Limburg.

Oare minsken dy’t yn ’e attraksje sieten en omstanners wurde oproppen om harren by de gemeente te melden foar kontakt en neisoarch.

augustus 9, 2022 09:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.