28ste Ynterfrysk Kongres 2022 yn Westerlauwersk Fryslân

augustus 16, 2022 07:12

Fan 15 oant en mei 17 septimber hâldt de Ynterfryske Rie syn Ynterfrysk Kongres; dizze kear yn it Westerlauwerske Fryslân. De earste twa dagen is it WTC yn Ljouwert de lokaasje en de tredde dei de Iisherberch yn Dokkum. De sittingen yn Ljouwert falle gear mei de ynternasjonale Konferinsje fan Fryske Geasteswittensippen, organisearre troch û.o. de Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle en Ryksuniversteit Grins.

Op tongersdeitemiddei 15 septimber is der fan 13.30 oant 17.00 oere in iepenbier programma, dat yn it teken stiet fan de fearkrêft yn de histoarje fan Fryslân. Nei in keynotelêzing folget in diskusje dêr’t it publyk ek oan meidwaan kin. Fiertaal is Ingelsk. It programma wurdt de freedtemiddeis fuortset.

De sneons wurdt fan 10.00 oant 16.00 oere in spympoasium holden mei as tema De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne.
Om 17.00 oere begjint in ekstra programma: rûnlieding troch de Bonifatiuskapel, mei oandacht foar pater Titus Brandsma, ien fan de meioprjochters fan de Fryske Akademy. Dêrnei is dêr in oekumenyske meartalige tsjerketsjinst, dêr’t dr. Liuwe H. Westra yn foargiet.

Sjoch foar de folsleine ynformaasje ús eardere berjocht 28e Ynterfrysk Kongres fan 15 o/m 17 septimber yn Ljouwert en Dokkum | It Nijs, de Utnûging Ynterfysk Kongres en it Programma.

Sjoch foar de dagen yn Ljouwert https://frisianhumanities.frl/

Opjaan om diel te nimmen kin oant 1 septimber.

augustus 16, 2022 07:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.