Betinking op It Hearrenfean

augustus 16, 2022 11:37

Op it Hearrenfean wurdt alle jierren op 15 augustus stilstien by it offisjele ein fan de Twadde Wrâldoarloch. Dat bart by it Yndysk monumint. Juster barde dat ek wer en boargemaster Tjeerd van der Zwan hold dêr in taspraak. It gefal wol dat Van der Zwan syn persoanlike skiednis nau mei Ynje ferbûn is.

De boargemaster konstatearret dat yn de lêste tsien jier de belangstelling foar wat him yn it eardere Nederlânsk Ynje ôfspile hat tige tanommen is. De skiednis wurdt hieltyd skerper njonken de morele mjitstêf fan ús eigen tiid lein. De nije generaasje freget omtinken foar de tsjustere kanten fan ús koloniale skiednis. Wa is dieder en wa slachtoffer? Wat wie it perspektyf fan de Yndonesyske befolking? Van der Zwan brûkt yn dat ramt it perspektyf fan syn mem as rjochtingjaand kompas. Dy hat har bernejierren mei har âlden yn Japanske kampen trochbrocht. Oer de atoombommen op Hiroshima en Nagasaki wie se dúdlik: ferskriklik, mar krekt op ’e tiid. Oars hiene se de oarloch net oerlibbe. Oer it stribjen fan de Yndoneziërs nei ûnôfhinklikens wie se like dúdlik: folslein terjochte, it wie harren lân. Dat wie har miening al hie se har eigen suske yn de geweldiedige Bersiaptiid troch nasjonalisten ferlern. Nettsjinsteande har persoanlike skiednis gunde se de Yndoneziërs harren eigen lân. Dat by de betinking yn De Haach dit jier de Yndonezyske ambasadeur in krâns by it Yndysk monumint lizze mocht om sjen te litten dat net inkeld Europeeske slachtoffers betocht wurde mar ek Molukkers, Sinezen, Papûa’s, Romoesja’s en Yndonezyske boargerslachtoffers, soe se grif goed fûn ha. De skiednis en it tinken fan syn mem jout rjochting oan it tinken fan Van der Zwan.

Yn syn taspraak stie er ek stil by it wjerfarren fan twa Hearrenfeansters: fuotballer Pieter de Haan, letter KNIL-soldaat, oppakt as kriichsfinzene, twangarbeider oan it Birmaspoar en yn 1943 útput stoarn, 31 jier âld en Max van Gelder, in sporter dy’t de ûntbearingen amper oerlibbe en letter noch hiel wat foar de sport betsjut hat, mar dy’t it oer syn Yndysk ferhaal mar leaver net mear hie.

(De foto op de thússide is fan de betinking yn 2017)

 

augustus 16, 2022 11:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.