Amsterdamske Grachtenfestival op tv en radio

augustus 5, 2022 10:17

Sudertsjerke, Amsterdam

Moandei 15 augustus is op NPO2 it Amsterdamske Grachtenfestival wer te folgjen. Dieuwertje Blok presintearret dan optredens fan de bêste musisy fan de nije generaasje op bysûndere plakken fan Amsterdam.

It grêftefestival is al fiifentweintich jier in driuwende krêft efter de karriêres fan jonge musisy en komponisten út de klassike muzyk, jazz en wrâldmuzyk. It festival jout opdrachten oan komponisten en stimulearret gearwurkjen en jong talint. Nederlânske musisy fan namme hawwe in ferline by it Grachtenfestival.

De NTR makket by gelegenheid fan it fiifentweintichjierrich jubileum in spesjaal programma mei optredens yn De Duif, op de Kromhoutwerf, yn it Goethe-Instituut, de Embassy of the Free Mind, de Waalse Kerk, De Roode Bioscoop en fansels earne op in grêft. Optredende artysten binne akkordeonist Robbrecht van Cauwenberghe, it Dianto Reed Quintet, 3Violas, Maryana Golovchenko & Cengiz Arslanpay & Hamid Reza Behzadian, Diana Dzhabbar Trio, pianist Nikola Meeuwsen, Chieko Donker Duyvis Ensemble, en Cinco en Clave.

It programma op 15 augustus op NPO2 begjint om om 22.00 oere. Op snein 21 augustus is it om 19.20 oere nochris te sjen, ek op NPO2.

Live op radio
NTR Podium NPO Radio 4 is der dit jier mei it programma ‘Earbites’ ek wer live by. Dieuwertje Blok praat yn de Rode Hoed alle dagen mei muzyk- en teätertalinten, dy’t dan ek foar in optreden soargje. Se sjocht ek mei âld-winners fan it festival lykas saksofonist Ties Mellema en mezzosopraan Karin Strobos, werom nei doe’t dy deroan meidiene; wat komt harre noch yn it sin wat hat it harren brocht? Wa’t dat wol kin by dy útsjoeringen wêze. Dy binne yn de Rode Hoed, Keizersgracht 102, Amsterdam op 13 augustus (17.00-19.00), 14 augustus (16.30-18.00), 15 tot o/m 19 augustus (16.00-19.00) en 20 augustus (17.00-19.00).

augustus 5, 2022 10:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.