1 oant en mei 7 augustus – Ynternasjonale Wike fan de Boarstfieding
Resint ferskynd
De Ynternasjonale Wike fan de Boarstfieding is in wrâldwide kampanje om it bewustwêzen om boarstfieding hinne te fergrutsjen. Alle jierren wurdt de wike organisearre troch WABA, de World Alliance for Breastfeeding Action, in wrâldwiid netwurk fan persoanen en organisaasjes dy’t har derfoar ynsette dat lytse bern tate krije.
De Ynternasjonale Wike fan de Boarstfieding wurdt alle jierren fan 1 o/m 7 augustus fierd om de Innocenti-ferklearring fan 1990 te betinken. Dat is yn 1992 begûn mei jierlikse tema’s as sûnenssoarch, froulju en wurk, de ‘International Code of Marketing of Mothermilk Substitutes’, mienskipsstipe, ekology, ekonomy, wittenskip, ûnderwiis en minskerjochten. Sûnt 2016 is de ynternasjonale kampanje fan de boarstfiedingswike ôfstimd op de ‘Sustainable Development Goals’ fan de Feriene Naasjes. Yn 2018 karde de Wrâldsûnensgearkomste WBW mei in resolúsje dat goed as in belangrike kampanje om wrâldwiid poppen tate te jaan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje