Wurkatelier ‘De Lapekoer fan Gabe Skroar 1822-2022’
Resint ferskynd
Tongersdei 15 septimber wurdt yn it ramt fan de twadde Conference on Frisian Humanities (sjoch https://frisianhumanities.frl/) in wurkatelier holden dat wijd wêze sil oan Gabe Skroar, de troch de bruorren Halbertsma betochte figuer oan wa’t in soad ferhalen yn de Rimen en Teltsjes ophongen binne. De referinten binne Hein Jaap Hilarides, Eric Hoekstra en Abe de Vries. De taheakke úttreksels fan harren ynliedingen (= Abstracts Lapekoer) jouwe wer wêr’t dy oer gean sille.
It atelier begjint om 14.00 oere. Nei de trije ynliedingen, ûnderbrutsen troch in teeskoft, wurdt in diskusje holden oer de takomst fan de Fryske Letterkunde. Dy stiet ûnder lieding fan Eric Hoekstra en Meindert Reitsma. Om 16.45 oere wurdt de middei ôfsletten.
It bywenjen fan de kongresdei, ynklusyf wurkatelier kostet € 45,-, foar studinten € 30,-. Alle ynformaasje is te finen op https://fryske-akademy.nl/reg/frihum/ en https://frisianhumanities.frl/.
De dei is foar elkenien, nei registraasje en betelling, tagonklik.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje