Winners NTR Podcastpriis 2022 binne bekend
Resint ferskynd
Pauline Augustyn en Tinneke van Ransbeeck binne de winners fan de NTR Podcastpriis 2022. Harren podcasts binne beleane mei respektyflik de earste en de twadde priis. Yn in spannende finale moasten se it opnimme tsjin acht oare nominearre jonge podcastmakkers út Nederlân en België.

F.l.n.r.: Tinneke van Ransbeeck, Pauline Augustyn, Rokhaya Seck en Lieselot Mariën (foto: Ben Houdijk – rjochtefrij)
Winners
Pauline Augustyn makke mei Le village des fous in dramatisearre dokumintêre oer in ûnferklearbere gekkepleach yn in Frânsk doarpke yn 1951. ‘Dryst en moai’, neamde de sjuery de ynstjoering yn syn sjueryrapport. ‘De semyfiktive foarm is yntrigearjend, de akteurs binne oertsjûgjend en it lûdsûntwerp moai en yn lagen.’ Mei in protte entûsjasme kende de sjuery Pauline de earste priis ta.
De twadde priis gie nei Tinneke van Ransbeeck foar har dokumintêre Stormjager, oer trije Nederlanners dy’t op tonger en tornado’s jeie. Neffens de sjuery ‘in ynstjoering mei in protte lucht en humor, kleurrike figueren en in poëtyske fertelwize.’
Der wie ek noch in publykspriis te ferjaan, dy’t Lieselot Mariën yn ûntfangst nimme mocht. Hja hie mei it ferhaal Roshi oer in swaarm bijen en it ferdwinen fan in zenlearaar gâns mear stimmen helle as de oare produksjes.
Oan ’e ein rikte de Dutch Directors Guild ek in priis út. Rokhaya Seck, dy’t it ferhaal De ik-en-mijn-pik-man makke, krige in treningsbon dêr’t se begelieding fan in makker mei ûnderfining mei krije kin by har fierdere karriêre.
Alle nominearre ynstjoeringen, oanfolle mei fraachpetearen mei de makkers, binne te beharkjen yn it podcastkanaal fan de NTR Podcastpriis.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje