Weststellingwerf freget kabinet om Fryske stikstofoanpak

july 9, 2022 10:30

De gemeente Weststellingwerf hat yn syn reaksje op de stikstofplannen de ferantwurdlike ministers witte litten foarstanner te wêzen fan ‘de Fryske stikstofoanpak’. De gemeente wol dêr sels yn behelle wurde, omdat dy it tichtst by de boeren stiet.

It kabinet wol yn ien kear alle opjeften foar natuer, stikstof, lânbou, wetter, boaiem en klimaat oanpakke, mar dat hat foar alle oanbelangjenden yn de gemeente fierstente grutte gefolgen.

De Provinsje Fryslân hat yn maart 2020 in saneamde gebietsrjochte oanpak oankundige. Dêr wurde alle grutte útdagingen ek yn byinoar brocht om foar te kommen dat de boeren hieltyd wer nije doelstellingen en regels oplein krije. Alle gebieten, bedriuwen en ûndernimmers binne lykwols net gelyk. Dêrom moatte de boeren oanmetten opsjes foar it oanpassen fan harren bedriuwsfiering oanbean krije.

Plannen foar it ferminderjen fan de stikstofútstjit slagje neffens Weststellingwerf allinne mar as de gemeente der sels goed yn behelle wurdt. It is dan wol needsaaklik dat de gemeente dêr de finansjele middels en relevante kunde foar hat. It kolleezje fan B&W is it wol iens mei de yntinsje fan it kabinet om de opjeften foar natuer, stikstof, lânbou, wetter, boaiem en klimaat yn ien keer oan te pakken, mar wol dêr as ien oerheid mei ûndernimmers en ynwenners oan wurkje om it lanlik gebiet takomstperspektyf foar te hâlden.

july 9, 2022 10:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.