Waarpraatsje: Simmersk waarm

july 10, 2022 19:33

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in rêstich en noflik wykein sil it fan tiisdei ôf in hiel stik waarmer wurde. Moandei is in oergongsdei.

Sneintenacht is der bewolking, mar it kin op guon plakken ek wat opklearje. Der stiet hast gjin wyn, mar by de kust lâns waait in matige noardewyn. It wurdt 14 graden.

Moandei begjint skier, mar geandewei komt de sinne der hieltyd better by. Der stiet in hiel sêft wyntsje út it noarden, mar by de kust lans is de wyn matich. It sil goed 20 graden wurde.

Fan tiisdei ôf is it heechsimmer.

Jan Brinksma

july 10, 2022 19:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.