Waarpraatsje: Lekker simmerwaar

july 4, 2022 19:18

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Moai drûch, sinnich en net al te waarm simmerwaar. In soad minsken fine dat wol noflik. It waar foar tiisdei sjocht der ek alwer goed út.

Moandeitenacht is it helder en by hast gjin wyn wurdt it in graad of 9, mar by de kust lâns is it wat mylder.

Tiisdei skynt de sinne geregeld, mar in buike is net hielendal útsletten. De wyn komt út it noardwesten en is matich. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Woansdei en tongersdei is de kâns op wat rein in bytsje grutter en wy sjogge de sinne ek wat minder.

Jan Brinksma

july 4, 2022 19:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.