Universiteiten roppe bûtenlânske keamerleaze studinten op om net te kommen

july 25, 2022 10:51

Ferskate universiteiten roppe bûtenlânske studinten op om net nei Nederlân te kommen as se foar it nije stúdzjejier gjin keamer fûn ha. De Frije Universiteit en de Universiteit fan Amsterdam jouwe dat advys no foar it earst, skriuwt Het Parool. Amsterdam hat te min keamers om studinten út oare lannen húsfêstje te kinnen.

De RUG yn Grins (foto: Wikipedia/Fruggo – CC BY 1.0)

De ôfrûne twa jier hiene studinten noch de mooglikheid om tydlik yn hostels of fakânsjeparken dy’t troch koroana leechstiene ta te hâlden, mar dat is gjin opsje mear. De universiteiten yn Eindhoven, Utert en Maastricht diene de ôfrûne wiken in soartgelikense oprop. De Universiteit Utert hopet dêrmei foar te kommen dat studinten yn tinten of in djoer hotel terjochte komme.

It keamertekoart spilet al jierren. Keamerleaze studinten sliepten yn stêden as Tilburch, Grins en Amsterdam, ek foar de koroanagoarre al, út need yn tinten en op kempings. Yn 2019 rôp de Universiteit Leien bûtenlânske studinten foar it earst op om net nei de studintestêd te kommen as se gjin keamer regele hiene.

Mear ynternasjonale studinten
Nederlânske universiteiten steane ûnder druk troch it tanimmend tal studinten. It tal bûtenlânske studinten nimt ek hieltyd ta. Yn it stúdzjejier 2021-2022 folgen yn totaal 115.000 studinten út it bûtenlân in oplieding yn Nederlân, goed 11.000 mear as yn it jier derfoar. Op de Amsterdamske universeiten komt in fearn fan de studinten út it bûtenlân. De Universiteit Maastricht hat mei 56 persint it heechste persintaazje.

Tekoart oan keamers
Nei alle gedachten nimt it tekoart oan studintewenten de kommende jierren ta. Ferline jier melde it Kennisplatfoarm Kences dat it tekoart oan studintewenten mei tweintich persint tanommen wie. Yn totaal wiene der 26.500 wenten te min. Der wurdt wol byboud, mar dat is net genôch om alle studinten plak te jaan. It tekoart is foar in grut part ta te skriuwen oan it tanimmende tal bûtenlânske studinten.

july 25, 2022 10:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.