Unike, nije opname ‘Blowin’ in the wind’ smyt hast twa miljoen op

july 9, 2022 08:37

In unike opname fan it liet ‘Blowin’ in the wind’ fan de Amerikaanske sjonger en skriuwer Bob Dylan hat op in feiling yn Londen goed 1,7 miljoen euro opbrocht. Dat is gâns mear as de lytse ien miljoen euro dêr’t feilinghûs Christie’s op rekkene foar de signearre plaat, dy’t yn in houten doaze opburgen is.

Bob Dylan yn 1991 (foto: Wikipedia/Xavier Badosa – CC BY-SA 3.0)

Dylan naam it liet ferline jier mei in band op en brûkte dêr in nije technyk by: it saneamde ionic original. Der is gebrûk makke fan in nije deklaach en oar materiaal as it tradisjonele finyl, dat in bettere kwaliteit garandearje moat. It wie Dylans earste nije opname fan ‘Blowin’ in the wind’ sûnt 1962. De tweintichjierrige Dylan skreau yn dat jier it liet yn sa’n tsien minuten yn in kafee yn New York.

It groeide dêrnei út ta ien fan de meast ikoanyske nûmers fan alle tiden. Fanwege de retoaryske fragen oer frede, oarloch en frijheid waard it in liifliet fan boargerrjochte- en fredesbewegingen yn de Feriene Steaten yn de sechtiger jierren. Yn de desennia dêrnei is it troch tal fan artysten opnij útbrocht.

Dylans âld-gitarist en produsint T Bone Burnett naam it inisjatyf foar de opname. Hy sei tsjin de BBC dat er it opnij opnimmen as in “hillich momint” ûnderfûn. “Neffens my hawwe wy it yn ien kear dien”, sei er. Burnett sei it fierder as in keunstprojekt te sjen, dêr’t er in nije trend yn ’e muzyk mei hopet te setten. “Wy meitsje mar ien, om’t wy it as it ekwifalint fan in skilderij sjogge.”

De opname wie inkeld te hearren yn in stikmannich harksesjes yn New York, Los Angeles en Londen, organisearre troch ynteressearre keapers. It is no oan de keaper fan de opname oft dy ea mei it brede publyk dield wurde sil.

Burnett sei dat er mei Dylan yn deselde studiosesje mear nûmers opnij opnommen hat. Wat er dêrmei dwaan sil, soe er ôfhingje litte fan de feiling fan de ‘Blowin’ in the wind’-opname.

july 9, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.