Troubudzjet nei yn trochsneed goed 16.000 euro

july 8, 2022 08:51

Boaskje mei de leafde fan jins libben? Foar in brulloft moat men faak djip yn ’e bûse taaste. Breidspearen besteegje yn 2022 nammentlik € 16.182 oan harren brulloft. Boaskjen wurdt hieltyd djoerder, want ferline jier lei it trochsneed troubudzjet € 1.258 leger. In breidspear bestege yn 2021 yn trochsneed € 14.924 oan de grutte dei. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan ThePerfectWedding.nl nei it boaskseizoen fan 2022.

Foto: pixabay.com

Wiidweidiger menu of miksdrankjes
Benammen foar lokaasje en fersoarging fan iten en drinken wurdt mear budzjet reservearre: +21% neffens ferline jier. Sarah Glasbergen fan ThePerfectWedding.nl fernimt wêr’t dat oan leit: “In protte breidspearen holden yn koroanatiid mear jild oer, sadat se no ekstra oan harren boaskdei besteegje kinne. Hja geane bygelyks foar in wiidweidiger menu of servearje miksdrankjes op harren grutte dei. Ynflaasje spliet ek in rol, benammen by de útstelde brulloften mei in offerte út 2020 of 2021. Soms wurde dy oanbiedingen iepenbrutsen en bysteld, sadat mear budzjet nedich is om it feest op deselde wize fiere te kinnen.”

Mear houliken, minder partnerskippen
Dit jier wurdt in goed fearn faker it jawurd jûn as yn deselde perioade fan 2021 (+27%). Hoewol’t it tal trouseremoanjes neffens ferline jier tanimt, nimt it tal partnerskipsregistraasjes just mei 6,3% ôf. Glasbergen: “Dit jier kieze spantsjes dus minder faak foar it dochs foaral praktysk partnerskip, en just faker foar it romantyske jawurd om de leafde te fieren.”

Letter yn it jier wurdt ek topdrokte ferwachte troch alle ‘ynhelbrulloften’, sa docht bliken út eigen sifers fan ThePerfectWedding.nl. Yn ’e moannen maaie, juny, july en augustus stappe nei ferwachting 28,6% mear breidspearen yn it houliksboatsje as in jier earder. Benammen juny is folle populêrder as yn 2021: +62%.

july 8, 2022 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.