Sytse Jansma nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

july 6, 2022 09:36

Foar de tolfde kear wurdt yn septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzyfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuipers (2019), Nyk de Vries (2020) en Cornelis van der Wal (2021) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Sytse Jansma. Hy sil op 26 of 27 septimber in optreden fersoargje, yn it ramt fan de Europeeske Dei fan ’e Talen. 

Sytse Jansma (boarne: It Skriuwersboun)

Sytse Jansma (1980) wennet yn Harns en dichtet net allinnich, sawol yn it Frysk as it Nederlânsk, mar is ek byldzjend keunstner.

Syn Frysktalige debútbondel Wa’t tate seit moat ek whisky sizze kaam yn 2008 út. Syn twadde bondel, As nomaden yn tinten teplak / Als nomaden in tenten terecht, út 2015, wie twatalich. Hy publisearret û.o. yn literêre tydskriften as De Revisor, De Moanne en Ensafh. Hy wûn fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis foar syn gedichten en hat op ferskate festivals optreden, yn bygelyks Grins en Ljouwert, mar ek Kenia.

Yn syn poëzy is meartaligens in belangryk tema. Syn wurk kin karakterisearre wurde as eksoatysk, byldryk en eksperiminteel. De relaasje tusken persepsje en taal komt faak werom yn syn gedichten, mar syn pasje foar reizgjen, muzyk en byldzjende keunst spilet ek in grutte rol. Hy kombinearret graach syn wurk mei oare keunstfoarmen. Sa skreau er de tekst foar de teätrale audiokuier It gelok fan Fryslân fan Tryater yn 2020 en is krekt begûn oan syn nijste projekt Sprekende Stenen, yn gearwurking mei oare skriuwers en mei keunstner Ineke van der Blom.

Hy wurket no oan syn earste Nederlânsktalige dichtbondel, dy’t yn 2023 by útjouwerij AtlasContact ferskine sil.

july 6, 2022 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.