Skoalbern eksposearje eigen kreaasjes yn it Keramykmuseum

july 18, 2022 08:37 Fernijd

It nasjonale keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert organisearret twa kear yn it jier in ûntwerpkriich foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Op woansdei 13 july binne de winnende ûntwerpen fan de lêste edysje fan de kriich ûnder grutte belangstelling ûntbleate.

Foto: Marieke Balk

Sam van Balen (foto: Marieke Balk)

De kriich stie diskear folslein yn it teken fan de útstalling KOREA. Poarte nei in ryk ferline. Learlingen fan it fuortset ûnderwiis koene yn fjouwer kategoryen (2D, 3D, moade en animaasje) meidwaan troch in byldzjende reaksje op de útstalling yn te stjoeren. Ut de yn totaal 180 ynstjoeringen hat de sjuery sân winners keazen. De winnende ûntwerpen binne o/m 21 augustus as ûnderdiel fan de Koreäútstalling yn it Prinsessehof te sjen. De folgjende ûntwerpwedstriid is yn ’e hjerst fan dit jier. Dan draait it om de nije útstalling Feest, dy’t 15 oktober fan start giet. Belangstellende skoallen en skoalbern kinne sjen op www.princessehof.nl/onderwijs.

Winners
De kategory 2D waard wûn troch Rutger Huitema (16) fan it Marnekolleezje yn Boalsert, Anky Hester (15) fan it Marnekolleezje Boalsert en Alana van Beem (12) fan Piter Jelles !mpulse Ljouwert. Yn de kategory 3D kamen de winnende ûntwerpen fan Wytske Runia (16) fan Pieter Jelles !mpulse Ljouwert en Bloeme del Grosso (15) fan Singelland BHS De Gordyk. De winnende animaasje/digitale tekening kaam fan Pip Kortman (14) fan Piter Jelles !mpulse Ljouwert. En yn de kategory moade kaam it ûntwerp fan Sam van Balen (17) fan Montessori Highschool Ljouwert as winner út de bus.

Bloeme del Grosso (foto: Marieke Balk)

Underwiis en kultuer
Keramykmuseum Prinsessehof wol mei de populêre ûntwerpkriich de jongere generaasje bewust meitsje fan hoe gewoan en tagelyk bysûnder keramyk is. Alle dagen brûke we kopkes, boarden en skalen fan keramyk, en faak sûnder it te beseffen helje we mei keramyk de hiele wrâld yn ’e hûs. Yn kombinaasje mei de útstalling soarget it ûnderwiisprogramma foar ferbreding en ferdjipping fan de blik fan jongerein op ’e wrâld.

Der wurdt ek in berop dien op de kreativiteit en ferbyldingskrêft fan de skoalbern. Tûzen learlingen en studinten kamen de ôfrûne moannen troch de Koreäútstalling yn ’e kunde mei de Koreaanske kultuer.

De útstalling KOREA. Poarte nei in ryk ferline is te sjen fan 16 oktober 2021 oant en mei 21 augustus 2022. De ûntwerpkriich is mei mooglik tanksij in finansjele bydrage fan de Feriening fan Freonen fan it Keramykmuseum Prinsessehof.

july 18, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.