Simone Djurrema: Oan ’e drank en feesten (diel 1: studinten)

july 9, 2022 07:37

Kollum

Yn Sweden wurdt in protte dronken. Dêr is safolle oer te fertellen dat ik moat it mar útsmarre oer twa kollums.

We hawwe krekt de studintefeesten en midsommar efter de rêch. Dan wurdt der oeral fiks feeste. Studinten, dat binne de jongelju dy’t klear binne mei it gymnasium. Elkenien, oft er nei in praktykoplieding sil of nei de universiteit, giet hjir nei syn sechtjinde nei it gymnasium. It is dus net itselde as it Nederlânske gymnasium. Se binne allegearre klear as se 19 binne, as se net sittenbleaun binne fansels.

En dan is it feest. De âlden en oare famyljeleden en freonen wurde útnûge om op skoalle te kommen om te sjen hoe’t se ûnder lûd skreauwen de skoalle út drave. Se hawwe prachtige klean oan, krekt as mei de Amerikaanske ‘prom’, petten op mei harren namme en in boerd mei in foto fan doe’t se lyts wiene. Se krije allegearre knuffeltsjes en sa, dy’t se om de hals hingje, ik wit net fan wa, de klasgenoaten of de famylje en freonen, mar it is in hiel spektakel!

Dan ride se, meastal op in mei bjirketûken fersierde wein efter in trekker of yn in auto mei lûde muzyk en ûnder getoeter, rûntsjes troch it hiele doarp. Sommigen sitte leaver yn in moaie klassike auto of een kabriolet. De soan fan de minsken dêr’t ik de foto’s fan krige, woe leaver op de motor. It liket soms wol wat op de bierweinen dy’t yn de optochten fan Fryske doarpsfeesten meiride. De measten drinke dan ek. De skoallen besykje dat mei foarljochting foar te kommen, mar dat helpt net by allegearre. It sit ek wol yn de kultuer.

Nei de tiid hawwe de measten thús feest. Wy hawwe in kear op in feestje west, mar dat wie mei famylje en sa. Soks dogge se nei alle gedachten earst oerdei. Dêrnei giet it los foar de jongerein. De hiele wike dêrnei sjoch ik oeral partytinten en bjirketûken yn tunen stean, dat miskien prate se wol ôf wa’t wannear syn feest hâldt en dogge se it om bar. En dan wurdt der blykber sûpt.

Ik wit net hoe’t it no is, mar ik haw wolris heard dat der yn Fryslân hjoed-de-dei faker jongelju yn it sikehûs belânje om’t se tefolle dronken hawwe. Ik kin dat net sa goed begripe. Doe’t ik jong wie dronken in protte dochs wol wat te folle en mar in pear fierstente folle. It heucht my net dat der in hiele protte yn To Berch yn Burgum sa ferskriklik bot omstuiteren. Miskien waard der in kear spuid, goed sliept, en dan wiene se der wol wer. Nea haw ik fan ien heard dy’t nei it sikehûs moast. Hoe yn ‘e frede kin in minske safolle ynnimme dat er yn koma rekket. Ik begryp net dat de mage dat oan kin of dat je fan tefoaren al net omdonderje. It sil ek wol mei drugs te meitsjen hawwe. Dat begûn om 1990 hinne op te kommen. Fan ‘e blauwe knoop wie ik net, mar ik die it net hiel mâl en fan drugs haw ik nea wat witte wollen.

Ik wit net krekt hoe’t it hjir yn Sweden no is. De statistiken sizze dat it trochsneed drankgebrûk ûnder dat fan Europa leit. Ik haw net folle gedoente mei minsken dy’t faak feest fiere, dat in protte oer de praktyk yn dizze omkriten wit ik net, mar ik kin jimme wol in bytsje fertelle oer wat ik heard en sjoen haw.

In kollega sei dat se nea op stap giet nei de stêd, om’t elkenien drugs brûkt. Dat like my nuver, dat ik frege it noch in kear, en sy, in modern famke fan yn ’e tweintich, sei dat it echt sa wie. Ik hie wol fan Hollanners heard dat doe’t se sa’n santjin jier lyn hjirhinne emigrearren, de minsken graach sûpten oant se derby delfoelen, efkes bewusteleas leine, spuiden, en wer op ’e nij begûnen te sûpen. No, dat is my wat! Sokken kinne har de oare deis net botte fantastysk fiele, tinkt my. Mar neffens harren wie dat no net mear sa slim, en de statistiken befêstigje dat.

Wy hawwe ús oansletten by in mear evangelyske tsjerke. Der is yn Mellerud net safolle kar. Der komme yn ús tsjerke hast allinnich mar âldere minsken, mar it boadskip is suver en de minsken oprjocht. Wy fiele ús dêr wol thús. Wy keazen dus net de hippe tsjerke, dy’t der ek wol is, mei mear jongerein en in band, mar dizze rêstige. Dan is men ek garandearre populêr fansels, want jong bloed! Yn Fryslân mochtst as kristen oer it algemien fan tsjerken wol wat drinke, sels by de measte wat mear evangelyske tsjerken. As der mar gjin alkoholisten by wiene, dêr waard rekken mei holden, en as se mar net dronken waarden en gekke dingen diene fansels. Mar nei in skoftke kamen we derefter dat hjir hielendal net dronken wurde mei!

Fan âlds holpen de pinkstertsjerken de minsken dy’t oan leger wâl, en faak ek oan ’e drank, rekke wiene, dat se hiene hjir yn Sweden net sokke goede ûnderfiningen mei alkohol. Dêrom moast de tsjerke in frijplak wêze, feilich foar dy’t fan ‘e hassebassies ôf wiene. Sa binne wy net grutbrocht, earst al om’t we pas om ús tritichste hinne leauwich waarden, mar yn ‘e tsjerken der’t we letter hinne giene wie dêr ek gjin sprake fan.

Ik drink hast nea, mar ik haw der ek neat op tsjin. Ik soe ris nei Mellerud om wyn, dy’t ik nedich hie om risotto mei te meitsjen. Yn ‘e supermerk is bier oant 3,5 persint alkohol te keap en oare drank oant 2,5 persint. Al it oare wurdt ferkocht yn in steatssliterij, de ‘systembolaget’. Fan 1700 ôf hat de steat him – dan mear, dan minder – mei de ferkeap fan alkohol bemuoid. Der binne ek noch hieltyd minsken dy’t yllegaal stoke, krekt as yn dy Amerikaanske searjes en films. Mar ik soe dus nei de systembolaget. Ik bin wat in fantast, dat ik siet wat te fantasearjen. Ik wie oan ‘e lette kant, se soene hast slute, dat ik ried in bytsje te hurd, en doe seach ik foar my dat de plysje my oanhôld. Myn tinzen sloegen op ’e rin:
“Wêrom ride jo sa hurd? Jo moatte mar efkes blaze, frou!”
“Der haw ik gjin tiid foar! Ik moat avensearje, want oars kom ik te let by de systembolaget foar myn drank!”
En dan kaam fansels oan de oare kant fan ‘e dyk krekt ien fan ús tsjerke foarby rinnen dy’t alles hearde…
Dat barde fansels net echt, mar ik siet te nokkerjen yn ‘e auto. Ik kaam noch moai op ’e tiid en de risotto waard hearlik!

De oare kear geane we wer fierder. Oant dan!

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
july 9, 2022 07:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.