Rûnliedingen foar nije Friezen
Resint ferskynd
Yn gearwurking mei Flechtlingewurk Ljouwert organisearret it Frysk Museum alle moannen in ynteraktyf museumprogramma foar statushâlders. Freed 1 july is de earste groep ûntfongen yn Kafee Thús. Nei in waarme ûntfangst binne dielnimmers troch museumdosinten rûnlaat troch de útstalling Frijheid no yn it Frysk Fersetsmuseum en troch Ferhaal fan Fryslân.

Foto: Ruben van Vliet
Mei de kolleksje fan it museum as ynspiraasje, geane de flechtlingen en oare nijkommers by de rûnlieding mei-inoar yn petear oer ûnderwerpen as gelikense rjochten foar man en frou, frijheid fan mieningsutering, demokrasy en diskriminaasje.
De dielnimmers koene inoar noch net foar de besite: “Yn myn lân fan komôf haw ik faak museums besocht. Ik fyn dit ek hiel aardich om te dwaan, mar fûn it ek tige spannend doe’t ik yn Nederlân kaam. Troch dit útstapke is foar my de drompel leger. Ik fyn it Frysk Museum hiel moai.”
Yn de útstalling Frijheid no fertelle alve Friezen mei ferskillende eftergrûnen harren eigen ferhaal oer frijheid. Hoe frij fiele se har om harsels te wêzen, harren berop út te oefenjen of in leauwe oan te hingjen? Yn Ferhaal fan Fryslân komme statushâlders yn ’e kunde mei Fryslân en de Friezen, de skiednis fan Fryslân, de Fryske kultuer en de ferrassende oerienkomsten mei oare kultueren.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje