Ried Fryske Beweging teset mei de takomst

july 20, 2022 08:42

De ferline hjerst troch it deistich bestjoer utere noeden oer de takomst fan de Ried fan de Fryske Beweging brochten ôfrûne maitiid op in gearkomste fan oansletten organisaasjes en stipers in protte minsken op ‘e lappen dy’t tal fan ideeën hienen. Yn it simmernijsbrief fan de Ried, dat ferline wike al yn print ûnder de stipers ferspraat waard, binne dy ideeën nochris op in rychje set en wurdt fernijd dat der yntusken fierder praat is mei in delegaasje út de efterban. Op grûn fan de útkomsten dêrfan wurde no earst petearen belein mei de oansletten organisaasjes. Ien fan de noeden is it finen fan bestjoersleden; in probleem dêr’t oars in protte frijwilligersorganisaasjes mei te kampen hawwe. Dat liket foar it Riedsbestjoer op dit stuit lykwols net mear sa bot te knipen, want yn it nijsbrief stelle twa nije bestjoersleden har foar.

Soks en folle mear is te lêzen yn it fearnsjierberjocht fan de Ried fan de Fryske Beweging, dat hjoed ek op It Nijs publisearre wurdt. Klik hjir foar it folsleine Nijsbrief.

july 20, 2022 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.