Problemen troch ekstreme hjitte yn it Feriene Keninkryk

july 19, 2022 09:54

Ranend asfalt en útstelde operaasjes, mar noch gjin rekôrhjitte. It Feriene Keninkryk suchte moandei ûnder ekstreme temperatueren, dy’t komselden yn it lân metten binne.

Foto: pixabay.com

Meteorologen rekkenen der earder noch op dat it hjitterekôr út 2019 fan 38,7 graden ferbrutsen wurde soe. Dat barde lykwols net, de heechst metten temperatuer wie 38,1 graden yn Suffolk, likernôch 150 kilometer benoarden Londen. Hjoed wurde wer tige hege temperatueren ferwachte.

Moandei late de waarmte op ferskate plakken al ta problemen. Sa waarden op it fleanfjild Luton, tichtby Londen, in oermannich lang alle flechten annulearre, mei’t it asfalt fan de startbaan raand wie. Troch datselde euvel koene fan it militêr fleanfjild Brize Norton yn Oxfordshire ek gjin fleantugen opstige. Foarôf rôpen de sûnenstsjinsten elkenien al safolle mooglik op om binnendoar of yn it skaad te bliuwen. Neffens The Guardian kieze miljoenen Britten derfoar om op dizze hjitte dagen thús te wurkjen. Guon skoallen giene earder ticht fanwege de hege temperatueren.

De minister fan Folkssûnens melde fierder dat de Britske ambulânsetsjinst troch de hjitte ûnder druk stiet. De tsjinst ferwachtet fan ’e wike 8000 oproppen, skriuwt Sky News, wylst dat yn in normale wike 5500 binne. Guon sikehuzen moasten yngrepen útstelle fanwege hjitte yn de operaasjekeamers.

It Britske regear hat de situaasje ûnderwilens as in nasjonale krisis bestimpele. Om dy reden kaam it Cobra-tiim, de groep ministers dy’t ferantwurdlik is foar needsituaasjes, de ôfrûne dagen ferskate kearen gear.

july 19, 2022 09:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.