Pjutte-opfang ’t Kattekuorke yn Jirnsum behellet sertifikaat twatalich wurkjen

july 7, 2022 08:28

Pjutte-opfang ‘t Kattekuorke yn Jirnsum hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. De opfang wurket mei in belied dat derop rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen.

Foto: SFBO

‘t Kattekuorke en twatalichheid
Pjutte-opfang ‘t Kattekuorke is ûnderdiel fan de organisaasje Kids First. Dy organisaasje fersoarget berne- en pjutte-opfang rûnom yn Fryslân en ek dêr bûten. In grut part fan harren lokaasjes yn Fryslân wurket mei in twatalich belied.

Op lokaasjes dy’t wurkje mei in twatalich belied, prate pedagogysk meiwurkers elk ien taal. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en eventueel meardere talen leare. Op ‘t Kattekuorke biede beide pedagogysk meiwurksters It Frysk oan. It Nederlânsk krijt omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it sjongen en it foarlêzen.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by ‘t Kattekuorke west te sjen. Der is sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkling. De kommisje skriuwt yn har rapport oer de wurkwize yn de praktyk:

It Kattekuorke is in moai en feilich plak foar pjutten. Wat krije sy de kâns om folop frij yn de romte en bûten te boartsjen mei in ferskaat oan prachtich boartersark. Wat giet it noflik om en ta. De struktuer is oanwêzich en net twingend. De bern sykje harren boartersguod, boartsje om in oar hinne of sykje inoar op. De pm’ers prate, puzelje, lêze foar of meitsje grapkes, foaral by de ien op ien mominten mei in pjut. Nei ferrin fan tiid slute losrinners oan en is der genietsjen en wille mei-inoar. Alberdine en Bettie wurkje ienriedich mei-inoar op. It giet as fansels.

By it sertifisearringstrajekt kriget ‘t Kattekuorke begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 280 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

july 7, 2022 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.