Passantehaven Trijeweislûs ferbettere

july 4, 2022 16:29

Foto Gemeente Weststellingwerf

Ein juny is de passantehaven by de Trijeweislûs yn de Lende ferbettere. Der binne driuwende, hegere stegers oan de besteande stegers makke. Der kinne no sawat twa kear safolle boaten oanlizze. Foar passanten is it nofliker wurden om út te stappen en oan wâl te kommen. By de trailerhelling is no ek in steger om makliker yn- en útstappe te kinnen.

Neffens wethâlder Theun Hoen fan Weststellingwerk wiene de besteande stegers te leech, dat der wiene amper boaten dy’t dêr oanleine. De haven hie ek gjin yntime sfear. No’t dat allegearre ferbettere is hopet er dat de rekreanten en toeristen der gebrûk fan meitsje.

Fierder moat de passatehaven oantrekliker makke wurde en moat it eilân mear en bettere foarsjenningen krije. De bedoeling is dat der mear parkearplakken komme, nije camperplakken, boatterstastellen en nije kuierpaden. Op it stuit wurdt dat taret. Yn 2023 wurdt mei it opnij ynrjochtsjen begûn.

july 4, 2022 16:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.