Op fakânsje: 65,2% fan hûnen giet mei, katten bliuwe faak thús

july 14, 2022 08:43

De fakânsjeperioade brekt wer oan: tiid foar húsbisteigners om te betinken oft harren bist meigiet op fakânsje of dat in oppas regele wurdt. Wêr hawwe fakânsjegongers úteinlik foar keazen? Ut ûndersyk fan bungalowparkoverzicht.nl docht bliken: de kat bliuwt thús, de fûgel giet útfanhûs, mar de hûn mei mei. Om te ûndersykjen wêr’t húsbisten fan ’t simmer ferbliuwe, fersprate it fakânsjeplatfoarm in enkête ûnder goed 650 húsbisteigners.

Foto: Wikimedia Commons/Joysadhin – CC BY-SA 4.0

Nederlân populêrste fakânsjelân ûnder hûneigners
Hast twatredde fan de hûneigners nimt harren fjouwerfuotter yn ’e simmer mei nei it fakânsjeadres. In fakânsje yn Nederlân is dêrby it populêrst (60,7%). Mar ek nei in oar lân yn Europa geane húsbisten mei: in bytsje minder as in tredde fan de baaskes reizget fan ’t simmer dêrhinne. Foaral Dútslân, België en Frankryk binne yn trek foar in fakânsje mei de hûn. Mar in tredde fan de hûnen bliuwt yn eigen hûs yn ’e fakânsje fan it baaske, in tsiende is by kunde útfanhûs en 6,3% hâldt yn in bistepinsjon ta.

Katten bliuwe yn fertroude omjouwing
Katten bliuwe dêrfoaroer it faakst thús (76,7%) en wurde measte troch in famyljelid, kunde of buorlju fersoarge. In kat út de fertroude omjouwing weihelje is minder populêr: mar 7,1% fan de poezen en boarren wurdt nei in bistepinsjon brocht, 6,6% is by kunde útfanhûs en 3,1% wurdt nei it fakânsjeadres meinommen.

‘Koroanahûnen’ minder faak mei op fakânsje
Hûnen dy’t yn ’e koroanatiid oanskaft binne, geane minder faak mei op fakânsje (58%) as hûnen dy’t dêrfoar al yn ’e hûs wiene (67,6%). Yn in fearn fan de gefallen bliuwe ‘koroanahûnen’ thús en wurde se troch in famyljelid, kunde of buorman/frou fersoarge.

Foar katten is dat ferskil der net: ‘koroanakatten’ krije oer it algemien gjin oare fakânsjeoppas as de poezen en boarren dy’t al foar de pandemy oanskaft waarden.

Undersyksmetoade
De boppesteande befiningen binne basearre op in enkête ûnder goed 650 eigners fan ien of mear húsbist(en) – represintatyf foar de Nederlânske populaasje fan húsbisteigners – útfierd yn de periode 2 maaie o/m 23 juny 2022.

Alle ynformaasje oer it ûndersyk is hjir te finen.

july 14, 2022 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.