‘Oogst’ – gelegenheidsprojekt fan Merijn Vrij by Museum Belvédère

july 3, 2022 08:47 Fernijd

Yn it ramt fan it projekt Stroomopwaarts die byldzjend keunstner Merijn Vrij (1971) ûndersyk nei de skiednis en ûntwikkeling fan it lânskip yn Súdeast-Fryslân.

‘Oogst’ fan Merijn Vrij (foto: Museum Belvédère)

‘Oogst’ fan Merijn Vrij (foto: Museum Belvédère)

Dêr’t eartiids folop turf wûn waard, is yn de foarige iuw in agrarysk feehâlderijgebiet ûntstien. Frij betiid fregen guon har ôf oft de hjoeddeiske yntinsive lânbou inselde effekt hawwe sil op it lânskip as de eartiids útputtende feanôfgravingen; en oft de baal fan raaigers krekt as blokken turf ea yn musea te sjen wêze sille as oantinken oan wat ienris wie. It ambisjeuze plan fan de keunstner om it museumgebou te ferlingjen mei in steapeling fan 600 heabalen, koe no allinnich yn makettefoarm realisearre wurde.

De steapel fan meand gers op it plak dêr’t it museum yn de kommende jierren hopet út te wreidzjen, soe eksposysje en eksposysjeromte tagelyk wêze. Yn stee fan it steapeljen fan 600 heapakjes, sette Vrij njoggen balen oan de noardside fan it gebou en njoggen oan de súdside, as in ritmyske stippelline, en ien solitêre baal yn it museum.

De balerige bûten it museum ferwiist nei de wize dêr’t de minske it lânskip op nei syn hân set, ferkavelet en oarderet. Yn de kontekt fan de útstalling binnendoar, nimt de baal de posysje yn fan ready made – in fernuverjend objekt, dat fragen oer foarm en ynhâld opropt. Te sjen yn it museumkafee en yn ien fan de kabinetten.

july 3, 2022 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.