Ofwiisde East-Fryske flagge wapperet foar gemeentehûs Moarmerlân

july 2, 2022 14:32
De East-Fryske flagge foar it gemeentehûs fan Moarmerlân. Foto: Jongfryske Mienskip

Sneon hong foar it gemeentehûs fan Moarmerlân yn it doarp Warsingsfehn in East-Fryske flagge te wapperjen. Op himsels is dat yn de streek neat bysûnders: de trijekleur mei syn swart-read-blau sjocht men yn hiele East-Fryslân hast like faak as de pompeblêden yn Westerlauwersk Fryslân of it Grinslanner doek op it Hegelân. Opfallend wie it benammen, om’t de gemeente koartlyn besletten hat dat de East-Fryske flagge net foar it gemeentehûs hearde.

In útstel fan Torsten Bruns fan de lokale partij Die Löwen om de flagge op feestdagen en benammen op de dei fan ‘e Opstalbeam (de tiisdeis nei pinkster) foar oerheidsgebouwen yn de gemeente op te hingjen waard troch de gemeenterie ôfwiisd. De CDU-fraksje wie fan betinken dat in flagge as middel om identiteit út te dragen fierste fier gie.

Dêr wie de kulturele bewegingsorganisaasje Jongfryske Mienskip it net mei iens. Dy organisaasje, dy’t ek yn Westerlauwersk Fryslân warber is en dêr’t yn it ferline bekende Friezen lykas Fedde Schurer en Douwe Kalma diel fan útmakken, is sûnt in jiermannich ek oarekant de steatsgrins warber. Dat de offisjeel erkende flagge fan de ek al as offisjele minderheid erkende East-Friezen net foar in gemeentehûs hearre soe, dat wie der neffens de Jongfriezen fier by troch.

Hja hawwe de flagge dêrom sels mar hyst. Yn in parseberjocht ferwiist de Jongfryske Mienskip nei it Ramtferdrach foar nasjonale minderheden, dat de oerheden derta ferplichtet en stypje de identiteit fan de Friezen, dêr’t de East-Fryske flagge in wichtich symboal fan is.

De Jongfriezen skriuwe ek dat de gemeente Moarmerlân de flagge kado kriget.

july 2, 2022 14:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.