Oargelkonsert 1 augustus yn Grou

july 21, 2022 14:47

Yn Grou wurdt wer begûn mei de oargelkonserten fan simmerdeis. Dit jier sille twa konserten jûn wurde, beide kearen lykas fanâlds yn de Sint-Pitertsjerke en beide kearen op moandeitejûn om 20.00 oere. Op 1 augustus wurdt it Van Damoargel bespile troch de Japansk-Belgyske oargeliste Masako Honda en op 15 augustus Mannes Hofsink, oargelist yn Grins. Tagongskaartjes kostje € 7,50.

Masako Honda

Masako Honda studearre yn har bertelân Japan West-Europeeske skiednis. Yn België studearre se oargel by Stanislas Deriemaeker en Joris Verdin en helle se it masterdiploma oan it Koninklijk Vlaams Muziekconservatorium te Antwerpen.
By Theo Jellema oan it Prins Clausconservatorium fan Grins spesjalisearre se har yntinsyf yn de barokmuzyk. Yn 2002 helle se it spesjalisaasjediploma konsertsolist mei de heechste ûnderskieding.

Op it stuit is se as oargelist ferbûn oan de Sint-Laurentiuskerk (Antwerpen), de Sint-Lambertuskerk (Ekeren) en oan de Dominicanenkerk (Brussel). Yn dy lêste tsjerke waard har cd opnommen mei muzyk fan G. Labole, D. De Séverac en A. Barié.

Se is oargeldosint en se jout konserten yn binnen- en bûtenlân. Yn 2018 wurke se mei in oargelkonsert yn Frjentsjer oan de ynternasjonale oargelwike fan de Bach-estafette yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân Europeeske Kulturele Haadstêd mei.

Programma op 1 augustus te Grou

  • Präludium h-moll, BWV544a
  • Dies sind die heiligen zehn Gebot, BWV678
  • Vater unser im Himmelreich, Bwv682
  • Wie schön leuchtet der Morgenstern, BWV739
  • Wer nur den lieben Gott lässt walten, BWV690
  • Allein Gott in der Höh sei Ehr, BWV676
  • Auf tiefer Not schrei ich zu dir, BWV686
  • Herr Jesu Christ, dich zu uns wend, BWV709
  • Christ lag in Todes Banden, BWv718
  • Fuge h-moll, BWV544b

 

july 21, 2022 14:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.