Oanslach op Deensk winkelsintrum
Resint ferskynd

Yn de Deenske haadstêd Kopenhagen hat ien sneintejûn ferskate minsken deasketten. De plysje hat in man fan 22 jier fêstnommen.
Om healwei seizen hinne skeat de man yn winkelsintrum Fields. De plysje hat te witten dien dat der ferskate minsken dearekke binne en dat oaren yn it sikehûs lizze. Hoefolle oft it krekt om giet, koe de plysje noch net sizze.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje