Nije wenromte troch werbestimming
Resint ferskynd
Mei yngong fan 1 july hat de provinsje Fryslân 1,3 miljoen euro beskikber foar it ferbouwen fan besteande frijkommende gebouwen ta selsstannige wenten. Sa kinne leechsteande gebouwen in nije funksje krije. De ferwachting is dat de regeling yn in ferlet foarsjocht. Dat die de Regeling Herbestemming en Sloop yn 2018 ek.

Foto © Prov. Fryslân
Ien fan de ûnderdielen fan de nije regeling is de permaninte oanpassing fan leechsteande gebouwen ta selsstannige wenromte foar ûnbepaalde tiid. Dêr is mei-inoar € 960.000, – foar beskikber. In oar ûnderdiel fan de regeling giet oer it realisearjen fan tydlike selsstannige wenten. Dat part fan de regeling makket it mooglik om gebouwen foar maksimaal fyftjin jier yn selsstannige wenten te feroarjen. Neffens de Wet Algemene Bepalingen Omgevingsrecht (Wabo) mei soks heechút foar fiif jier, mar troch in oanpassing yn de Crisis-herstelwet (Chw) is dat ferromme oasnt fyftjin jier. Foar dy saneamde flekswenromte is mei-inoar € 225.000, — beskikber.
Deputearre Klaas Fokkinga: “Troch it brûken fan besteande gebouwen kinne wy fluch nije wenten meitsje, faak ticht by foarsjenningen. Boppedat binne dêr meastentiids minder boumaterialen foar nedich. Krekt omdat it gebou der al stiet en somtiden al mei ienfâldige oanpassingen in selsstannige wenning wurde kin.”
Mear ynformaasje: www.fryslan.frl/herbestemmen
… troch WERbestimming is bryk Frysk; … nije of oare bestimming is wol geef.
Ja, Stimstra, jo hawwe gelyk, mar de Foarkarswurdlist ken ‘werbestimming’ wol, dat we sille deroan wenne moatte dat it goedrekkene wurdt.
Lyksa ‘werstel’ foar ‘herstel’, dat sil aanst ek wol ynboargerje, want gjinien betinkt wat betters, Fryskers. Wa betinkt in wurd foar ‘herintreder’? It wurdboek is by de gatten om ticht as it op neologismen oankomt. Botte kreatyf binne wy dêryn net.