Nije publikaasjes Evelyn Bosma oer meartaligens op skoalle
Resint ferskynd
- Strjitnammebuorden oanlieding foar nije Spaanske taalstriid 0
- Takom wike grutte treinstaking 0
- Wer grutte flater by ôfhanneljen ierdskokskea: slachtoffers witte net wat se no moatte 0
- Programma Into The Great Wide Open 2022 folslein 0
- Fryske gemeenten poerbêst berikber fia e-mail, ôfhanneling kin noch better 0
Hoe ferrint de taalûntwikkeling fan meartalige bern as harren twa talen opinoar lykje? En hoe kin de meartalige oanpak fan Fryske basisskoallen in foarbyld wêze foar oare skoallen, no ‘t bern út Oekraïne op ’e stoepe stean? Yn artikels yn Onze Taal en yn HP/ De Tijd, mar ek yn in ôflevering fan de podcast Kletsheads, jout frou dr. Evelyn Bosma útlis oer al dy bysûndere aspekten fan meartaligens yn it ûnderwiis.

Evelyn Bosma (boarne: Fryske Akademy)
De resinte publikaasjes fan Evelyn Bosma:
1) in artikel yn HP/De Tijd oer it gebrûk fan it Oekraynsk yn ’e klasse (juny 2022): ‘Oekraïens in de klas‘;
2) in ôflevering fan de podcast Kletsheads oer it Frysk op skoallen: ‘Meertalig opgroeien met Fries [Seizoen 3, Aflevering 9]‘ (transkripsje beskikber);
3) in artikel yn Onze Taal oer translanguaging (maaie 2022): ‘Woorden verbinden als legosteentjes‘ (allinnich foar abonnees).
Oer Evelyn Bosma
Frou Bosma is postdoktoraal ûndersiker Taalwittenskip by de Fryske Akademy en is tagelyk dosint oan de Universiteit Leiden. Hja studearre Taalwittenskip en Latynsk-Amearikastúdzjes oan de Universiteit Leiden. Yn 2017 ferdigene se har proefskrift (Fryske Akademy/UvA) oer de taal- en kognitive ûntjouwing fan Frysk-Nederlânske twatalige bern. Dêrnei wurke se as dosint en postdoktoraal ûndersiker oan de Universiteit Leien en de Universiteit Utert.
Mei kollega’s út Noarwegen docht frou Bosma no ûndersyk nei meartalige geletterdheid. As psycholinguist hâldt se har dwaande mei de fraach hoe’t twataligens yn ’e holle wurket. Dêrby makket se gebrûk fan taalfeardigenstesten, reaksjetiideksperiminten, eye-tracking en EEG. Hja hat ûnder oaren artikels skreaun oer kognaten, code-switching en de kognitive effekten fan twataligens.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje