Nij selsportret Van Gogh ûntdutsen op efterkant doek

july 15, 2022 08:37 Fernijd

Saakkundigen fan it Skotske museum National Galleries of Scotland (NGS) hawwe in net bekend selsportret fan Vincent van Gogh ûntdutsen, berjochtet de NRC. It portret stiet op ’e efterkant fan it doek ‘Holle fan in boerinne mei wite mûtse’ út 1885 en waard tanksij in röntgenfoto fûn.

Selsportret Vincent van Gogh (ôfbylding: Wikipedia – publyk domein)

It portret sit ferburgen ûnder in tsjokke laach lym en karton. It wurk is nei alle gedachten yn 1887 makke, doe’t Van Gogh yn Parys wenne. Eksperts makken de röntgenfoto by in ûndersyk nei it skilderij fan de boerefrou út Nuenen. Haadkonservator Lesley Stevenson seit tsjin de BBC dat se “yn shock” wie doe’t se seach dat de keunstner “nei ús seach”. “Fansels wiene we tige bliid doe’t we de foto foar it earst seagen.” It is net foar it earst dat bliken docht dat Van Gogh op ’e efterkant fan syn skilderijen wurke. Dat die er om jild te besparjen.

‘Holle fan in boerinne mei wite mûtse’ makket sûnt 1960 diel út fan de kolleksje fan it Skotske museum. Yn 1923 kocht Evelyn St Croix Fleming it skilderij. Har soan is foaral bekend as de betinker fan James Bond. Yn 1951 gie it stik nei Skotlân en it waard letter donearre oan de NGS, dêr’t it dus noch altyd is.

Yn 1905 ferburgen
De laach lym en karton is nei alle gedachten yn 1905 op ’e efterkant fan it skilderij oanbrocht. Dat barde nei alle gedachten as tarieding op in útstalling yn it Steedlik Museum yn Amsterdam. De foarkant waard sa te sjen as foltôge sjoen en de efterkant net.

It Skotske ûndersyk nei it wurk waard dien as tarieding op de útstalling A Taste for Impressionism. Dêr sil no net allinnich it wurk mei de boerinne yn te sjen wêze, mar ek de röntgenfoto, dy’t in byld fan it selsportret jout. Oer twa wike wurdt de eksposysje iepene. It museum is fan doel om nei de útstalling it selsportret tefoarskyn te heljen. Hoelang oft dat duorje sil, is net bekend. “Soks moat tige hoeden barre, dêr wolle wy gjin druk op sette”, seit in konservator tsjin de NRC.

july 15, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.