Miljeumaatregel: winkeldoarren moatte ticht

july 22, 2022 22:38

“Wy stoke net foar de buorlju.” Gâns bern sille it fan heit of mem te hearren krige hawwe as hja de doar iepen stean lieten. Wat foar stille hûzen gou, gou eartiids likegoed foar winkels, mar dat waard op in stuit oars. Al baarnde binnendoarren de ferwaarming noch sa fûl, de doar fan gâns winkels, benammen yn ‘e stêd, stie altyd iepen. Jildfergriemerij, mar it makke dat de minsken earder ta it pân yn kamen, sa gruten de winkelljuwe.

Soks kin net mear, ornearre de boargemaster fan Parys, frou Anne Hildalgo. Hja hat freed in ferbod ynfierd op iepene winkeldoarren. De maatregel hat streekrjocht te krijen mei de wankende gaskrapte, de hege gaspriis en de klimaatferoaring. Boppedat hat Frankryk de ferplichting om it enerzjyferbrûk yn ‘e kommende twa jier mei tsien persint te ferleegjen.

De ferplichting jildt foar alle winkels yn ‘e Frânske haadstêd, útsein as se gjin ferwaarming of kuolling hawwe. In winkelman dy’t de doarren dochs iepen stean lit, moat in boete fan 150 euro betelje.

Parys is net de iennichste stêd mei it iependoarreferbod. Lyon en ferskate lytsere stêden hawwe ek it near lein op it stoken foar de stoeptegels. Nei ferwachting folgje ynkoarten mear fan sokke maatregels. Presidint Emmanuel Macron hat begjin july sein dat it koal is om it ljocht oan te litten as der net ien yn in gebou is.

Yn Frânske oerheidsgebouwen wurdt de kuolling earst oanset as it waarmer is as 26 graden, sa waard okkerdeis besletten. Der is ek in ferbod op it brûken fan iepen kuollingen yn supermerken op kommendewei. Etalaazjes en parkearplakken sille nei slutingstiid net mear ferljochte wurde meie. De oerheid ropt de minsken op om elektryske apparaten fan it elektrysk te heljen as hja op fakânsje sille.

july 22, 2022 22:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.