Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma: Sturtswylje en neimelke

july 5, 2022 09:31

Skôging

It skriuwwurk oan ’e biografy sit no yn ’e faze fan it sturtswyljen en it neimelken. Elk wit dat dêr in fleurich sin by heart, ek al is it faak yn ferhâlding in protte wurk foar in bytsje opbringst. En neat is te ferlykjen mei it gefoel fan sa’n skjinne eker, dêr’t ek de lêste raaien hea mei soarch fan ôf socht binne!

Dat gefoel hat Tony net krige, doe’t se yn ’e feilingkatalogus seach fan ’e firma Beijers yn Utert. Se hat earder tocht dat de boer boelguod hold, doe’t se lies dat der op 30 novimber in grut tal ‘important books from the library of the Friesch Genootschap’ op buorden komme soene.

Wat wie it gefal? It Frysk Genoatskip hie besletten om syn boekebesit mar fan ’e hân te dwaan, en it bestjoer hie blykber gjin sin om earst goed te besjen wat se dan fuortdiene. Wa’t de ûntdekking krekt as earste die, is net bekend, mar yn ’e koartste kearen stie hiel geleard Fryslân op ’e efterste poaten. Al miende it bestjoer nammentlik fan net, der kaam hiel wat ûnder de hammer dat unyk of tige seldsum wie, en it griisde de lju oan dat soks yn ien klap ferdwine soe yn priveesamlingen dêr’t letter net ien mear tagong ta hie. De heechleararen Frysk Buma, Fokkema, Galama en Gerbenzon skreaune dan ek in brief oan it Genoatskip mei it fersyk om it ûnsillige plan ôf te blazen.

Ut soarte wie Tony Feitsma it dêr hielendal mei iens. Mar hja gie fierder as de heechlearde fjouwerkaart. Yn in koart skoftke tiid hat se in suver koartseftige aktiviteit sjen litten. Hja socht sa goed mooglik út om hokker boeken oft it gie [sjoch de ôfbylding fan it binnenwurk fan de katalogus], frege it karbrief fan it Genoatskip op en gie op syk nei eardere besluten. En se socht fansels meistanners. Dat slagge bêst genôch: op 9 desimber hie se in tal fan 35 leden fan it Genoatskip byinoar, dy’t mei har in spesjale ledegearkomste fan it Genoatskip oanfregen.

Op dy gearkomste, 7 jannewaris 1966, dus in goed moanne nei de feiling, namen de leden in útstel fan ’e ferûntrêste gearroppers oan, dat de ferkeaperij earst stopset wurde soe, dat it Genoatskip besykje soe om wat ferkocht wie wer yn besit te krijen, en dat der in plan makke waard om de boekerij safolle mooglik yn Frysk iepenbier besit ûnder te bringen.

It is yn dizze tiid dat Tony nei alle gedachten it iennichste anonime brief yn har bestean krige hat: skreaun mei blokletters as yn in âlderwetske detective, mei inside information fan ien dy’t út noch yn net woe dat syn of har namme bekend waard. Tsjintwurdich soe sa’n persoan in kloklieder neamd wurde. It briefke sprekt foar himsels.

It bliuwt dan earst in pear jier stil. It bestjoer fan it Genoatskip hat ek it nedige húswurk krige en sa’n âlde boekerij dogge jo net ‘eefkes’, wat der ek mei moat. Mar yn 1972 is it safier: it bestjoer hat mei de Provinsjale Bibleteek om ’e tafel west en dy it nedige boekebesit oerdien en docht no it útstel om de rest op oare wize fuort te dwaan, neidat der in katalogus opsteld is troch De Tille. Dat giet Tony en har meistanners noch net fier genôch: hja wolle graach dat it opstellen fan ’e katalogus bart ûnder tafersjoch fan in saakkundige kommisje, dat de katalogus dêrnei earst noch in kear nei alle Fryske bibleteken ta giet dy’t yn ’e beneaming komme, dan nei de leden en as lêste pas nei de bûtenwacht.

Wat net sa faak bart, hielendal net yn it libben fan Tony Feitsma: de útstellen wurde mei ham en gram troch it bestjoer en de gearkomste oernommen. Hjasels mei, mei har meistanners, de kommisje foarmje en tasjen op it opstellen fan ’e katalogus. En de Fryske bibleteken sille earst oan bod komme, krekt sa’t hja woe: foar safolle mooglik fan ’e boeken besykje in plak yn iepenbier besit te finen.

As lêste kom ik noch mei in fraach, ferwizend nei it begjin fan dit stikje. Tony wurke yn 1965-1966 en yn 1972 mei in foech aksjekomitee. De earste kear bestie dat, njonken harsels, út Boate Folkertsma en in J.H. de Jong út Grins (Sterrenbosstrjitte). De twadde kear wiene it Tony, Boate Folkertsma, Sytse Jan van der Molen en Harm de Vries. Wa kin my fertelle wa’t dy J.H. de Jong krekt wie? As in pear minsken eefkes mei sturtswylje, is de ûngetiid aansen samar oan kant!

Dit is de fiifde fan de rige ferslachjouwingen oer it ûndersyk fan dr. L.H. Westra nei libben en wurk fan Tony Feitsma. De foargeande ôfleveringen binne maklik werom te finen troch te sykjen op Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma. De seisde ôflevering sil yn de earste wike fan augustus publisearre wurde.
Reaksjes nei liuwe.westra@mensa.nl 
july 5, 2022 09:31
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. D.J.M. Zeinstra july 8, 17:41

    Ut de meidieling:Yn 1972 is it safier, soe men ôfliede kinne dat doe de FG-bibleteek nei de PB gongen is. Doe wiene myn kollega Dirk de Vries – in pear jier letter nei Leiden gongen om konservator te wurden fan de Bodel Nijenhuis (kaarte)kolleksje al sa’n trije jier dwaande it FG-materiaal te katalogisearjen. It is yn elts gefal wol 1974 wurden foardat ik dêrmei klear wie. Ut dy Tille-ferkeapkatalogus kaam noch wat neiswylsel en letter binne út de hânbibleteek fan it Ryksargyf, de bibleteek fan it Princessehof en de Kânselarij (Frysk Museum) noch FG-eksimplaren foar it ljocht kommen. Fan Tony Feitsma haw ik nochris in listke mei titels krigen dy’t der ek wêze moasten, mar dêr haw ik neat fan sjoen. Dat jildt ek foar guon titels dy’t it Frysk Museum holden hat as museumstik. Oan de oare kant hie de PB ek al foar de ferkeaping wat FG-boeken krige, mar direkteur Sjoerd Douma hold de boat war ôf. Mooglik omdat yn 1966 de PB út de Kânselarij nei it nije gebou ferhúzje soe en omdat er net seach hoe’t it katalogisearjen mei sa’n lyts bytsje minsken syn beslach krije koe. Doe sil it FG-bestjoer tocht hawwe: Dan de boel mar ferkeapje. Pas doe’t yn 1967 en 1968, nei de reboelje fan 1966, de drs-en Sybrandy, De Vries en Zeinstra oansteld wiene, kaam dêr romte om mei de FG-bibleteek oan e gong.. En doe wiene der meiïnoar noch mar 18 personielsleden yn de PB! .

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.