LIT-UP: nij Europeesk projekt foar promoasje fan literatuer yn minderheidstalen

july 5, 2022 09:00
Boeken fan Fryslân en Ljouwert City of Literature binne sûnt dizze simmer partner yn in nij Europeesk projekt: LIT-UP. It doel? Ta nije strategyen komme om literatuer yn minderheidstalen en lytse talen yn Europa better foar it fuotljocht te krijen op de nasjonale en ynternasjonale merk. De oare partners yn it projekt binne organisaasjes yn Kataloanië, Baskelân, Galisië, Servië, Slovenië en Korsika.

Foto: pixabay.com

“It projekt rjochtet him op útjouwerijen, skriuwers en boekpromoasje-organisaasjes en stimulearret gearwurking, kennisútwikseling en profesjonalisearring tusken de dielnimmende regio’s en de ferskillende beropsgroepen”, fertelt Mirjam Vellinga.

“Konkreet wurde der troch de ferskillende partners workshops en trainingen organisearre, bygelyks op it mêd fan boekpromoasje, bûtenlânske rjochten en it opbouwen fan in netwurk. Dêrneist wurde der literêre eveneminten organisearre om alle partijen mei-inoar yn kontakt te bringen en om sjen te litten wat literatuer yn lytse talen allegear te bieden hat. Sa kinne wy in soad faninoar leare!”

It projekt, dat oant begjin 2025 rinne sil, sit no noch yn de opstartfaze. Doel is om de earste wurkateliers fan ’t hjerst yn Valencia by it Placa del Llibre-boekfestival te hâlden.

july 5, 2022 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.