Learlingen Friese Poort Snits bouwe midsiuwske kattepûl

july 9, 2022 09:42

Ofrûne tongersdei waard in blide, in midsiuwske kattepûl, ôffjurre oer rekreaasjegebiet Grutte Wielen by Ljouwert. Learlingen en dosinten fan ROC Friese Poort yn Snits makken de sekuere konstruksje fan it enoarme midsiuwske wapenark spesjaal foar de grutte hjerstútstalling fan it Frysk Museum, Frijheid, fjochterij, fagefjoer: de midsiuwen yn it Noarden.

Foto: Jacob van Essen, Het Hoge Noorden

De blide is fan 10 septimber ôf yn it museum yn Ljouwert te sjen. Kris Callens, direkteur fan it Frysk Museum, is tige grutsk op it projekt. “It is prachtich dat wy mei de bou fan sa’n midsiuwsk tastel âlde ambachten trochjouwe oan de jongere generaasje. En geweldich dat de studinten aanst harren bouwurk yn it museum sjen kinne, dêrom is de gearwurking mei ROC Friese Poort sa wichtich.”

Under lieding fan Sebastiaan Pelsmaeker fan ARRE Remaning History is de kattepûl sa histoarysk krekt mooglik rekonstruearre. De úteinlike blide hat in grûnoerflak fan 6 x 4 meter en in maksimale hichte mei smytearm fan 7,5 meter. Foar’t de blide oerdroegen waard fan de wurkpleats yn Snits oan it Frysk Museum yn Ljouwert moast der efkes hifke wurde. Mei grutte wettermeloenen as munysje en mei de grutste soarch foar feiligens, krigen learlingen, dosinten en meiwurkers fan it Frysk Museum in unike sjo fan it ûnbidige bouwurk yn aksje.

Nei it testen waard mei in symboalysk ‘lêste skot’ troch direkteuren Kris Callens fan it Frysk Museum en Bas Daanje fan ROC Friese Poort Snits de blide offisjeel oan it Frysk Museum oerdroegen. Dêr is it reau yn syn gehiel fan 10 septimber ôf te sjen.

Foto: Jacob van Essen, Het Hoge Noorden

Gearwurking tusken skoalle en museum
It gearwurkingsprojekt tusken it museum en ROC Friese Poort komt fuort út in langer partnerskip tusken de twa organisaasjes. Yn 2019 makken de learlingen fan de ôfdieling bou & ynfra en maritime technyk in libbensgrut wytsingskip foar de útstalling Wy Wytsingers.

De midsiuwen yn it noarden
Fan 10 septimber 2022 oant en mei 7 maaie 2023 presintearret it Frysk Museum Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer: de midsiuwen yn it Noarden. De útstalling toant nije wittenskiplike ynsjoggen oer de mienskip fan it noarden yn de folle en lette midsiuwen. It Fryslân fan doe (Tota Frisia) struts him út fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân oant de Wezer yn East-Fryslân. Yn tsjinstelling ta oare plakken yn Europa bestjoerden de Friezen harsels, keazen se harren eigen rjochters, hiene se in eigen taal en in eigen skaaimerkjende klaaiïng. Oan ’e hân fan de rike argeologyske kolleksje midsiuwske foarwerpen fan it Frysk Museum, oanfolle mei (ynter)nasjonale brûklienen, komt de eigensinnige, ferdwûne wrâld fan Fryslân tusken 1067-1567 ta libben.

july 9, 2022 09:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.