Kuierje oer It Eilân

july 17, 2022 09:03

Fan it Fryske Gea

Op it rântsje fan de Alde Feanen leit It Eilân. Troch de iuwen hinne hawwe dêr minsken wenne. Hoe’t dat wie op sa’n ôfhandich plak, kin de gids út eigen ûnderfining oer fertelle.

De dielnimmers komme op it parkearplak oan de ein fan de Kobbewei yn Goaiïngahuzen gear. Oer in smelle kuierbrêge stekke se oer nei It Eilân. Dêr folgje se in moaie rûte fol ôfwikselingen, by blommich gerslân lâns en oer dykjes, mei oan ’e ein in prachtich útsjoch oer it wetter fan de Sitebuorster Ie. Op ferskillende plakken hâlde se ho om nei it ferhaal fan de gids oer de skiednis fan dit gea te harkjen. Iuwen waard hjir buorke. Fee en hea moast mei de boat ferfierd wurde, sa’t alles hjir oer it wetter gie. It wetter spile in belangrike en bysûndere rol, sa’t út de ferhalen oer de skoalboat, de postboat en de pont bliken docht.

De rûte, fan hinne en werom sa’n 4 kilometer, giet oer dykjes en troch gers. Mei goede kuierskuon is dat bêst te dwaan. Mei ynbegryp fan it hjir en dêr harkjen nei de ferhalen binne de dielnimmers om ende by twa oeren ûnderweis. Nei ôfrin kin by camping It Lege Midden mei in drankje op it terras noch wat neigeniete wurde.

Der binne kuiers op freed (12 en 26 augustus, fan 19.00 oant 21.00 oere). Sjoch Jûnkuier oer It Eilân en op sneon (10 en 24 septimber, fan 10.00 oant 12.00 oere). Sjoch Kuier oer It Eilân. Maksimaal 15 dielnimmers. Oanmeldmooglikheden en gelegenheid foar fragen steane op it webstee kontakt.

It Eilân op eigen gelegenheid ferkenne kin ek. Der is in rûte fan 2½ kilometer oer It Eilân-West (blau) en ien fan 4½ kilometer oer It Eilân-East (read). Fan 1 novimber oant 15 maart binne dy mei-inoar ferbûn. Dan kin oer de kearslûs yn de Goaisleat gien wurde. Bûten dy perioade is de blauwe rûte allinne oer it wetter fia it oanlisplak oan de súdwestkant by Heachhiem te berikken. It Eilân East is yn tiden fan wetteroerlêst oerringebiet, dat dan kin it der bot sompich wêze.

july 17, 2022 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.