Sertifikaat twatalich wurkjen foar Krobbeguod en De Vlindertuin yn Makkum

july 13, 2022 08:44 Fernijd

Op it bernesintrum fan Makkum hawwe sawol pjutte-opfang Krobbeguod as berne-opfang De Vlindertuin it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. Op beide wurdt mei in belied wurke dat derop rjochte is om de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Op freed 8 july is it dêrom feest. Alle bern en alle âlden binne útnûge foar in gesellige moarn. Riemkje Pitstra sil in Tomkefoarstelling fersoargje, en sil dêrnei ek de útrikking fan it sertifikaat dwaan.

Foto: SFBO

Twatalich wurkjen en Kids First
De Vlindertuin en Krobbeguod binne ûnderdiel fan de organisaasje Kids First. Dy fersoarget berne- en pjutte-opfang rûnom yn Fryslân en ek dêr bûten. In grut part fan harren lokaasjes yn Fryslân wurket mei in twatalich belied.

Op lokaasjes dy’t wurkje mei in twatalich belied, prate pedagogysk meiwurkers elk ien taal. Troch de beide talen dúdlik faninoar te skieden, leare de bern de talen goed útinoar te hâlden en kinne sy letter makliker in tredde en mear talen leare. Yn Makkum hawwe alle pedagogysk meiwurkers in dúdlike taalopdracht. In part biedt it Nederlânsk oan, in oare part it Frysk. Foar beide talen is omtinken yn it aktiviteite-oanbod lykas it foarlêzen en it sjongen.

De fisitaasjekommisje hat sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkling. De kommisje skriuwt yn syn rapport oer pjutte-opfang Krobbeguod:

Guon bern boartsje yn de húshoeke. It tema is iten. De pm’er spilet dêr goed op yn. De pizza is noch hyt, se moatte eefkes blaze, broadsjes yn de oven dwaan, kinst der bûter op smarre. Beide pm’ers hâlde prima de eigen taal oan, ek yn ynformele situaasjes..                     

En oer berne-opfang De Vlindertuin:

Yn de Tomkewike set de Frysktalige pm’er de toan en yn de Pukwike de Nederlânsktalige pm’er. Foar de âlders is dat yn de hal by de tematafel al dúdlik. De dei fan de wike stiet dêr óf yn it Frysk óf yn it Nederlânsk oanjûn.

By it sertifisearringstrajekt krigen De Vlindertuin en Krobbeguod begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. Dêr binne goed 280 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten.

july 13, 2022 08:44 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.