Krekt ferskynd: sânde plysjeroman oer Ale Alema fan Jan Schokker

july 19, 2022 09:11

Sânde plysjeroman oer Ale Alema dy’t nei Parys reizget en yn yngewikkelde, persoanlike en misdiedige saken betize rekket

Jan Schokker (eigen foto)

Oer it boek De heit:
‘Maart is dûbeld bysûnder, betink ik. Se is om lilk op te wurden en tagelyk om te aaien, se is en gek en leaf, je wolle har straffe en oankrûpe tagelyk, alle kearen ferbetterje mar ek hieltyd graach leauwe wat se seit. Se is bytiden sawol in gefaarlik fjoer as in amerfol kâld wetter.

Ald-resjersjeur Ale Alema is twa moanne mei pensjoen en kin mar net wenne oan syn tefolle oan lege tiid. En dan bellet Maart. Beke Maart den Backer is in freondinne fan Ale syn ferstoarne frou Els en in krûtfet fol tsjinstellingen. ‘It Mystearje Maart’ sei syn Els altyd. Fiifentritich jier lyn liet se har man en beide bern samar efter doe’t se nei Austraalje ôfsette. Wêrom is Maart werom en wat wol se fan Ale? Maart komt mei in roukaart oansetten. De datum stiet al fêst: 16 septimber. It hellet it o sa rêstich libben fan Ale fan de iene op ’e oare dei folslein oer de kop.

Dit is it sânde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn ’e haadrol.

Oer de skriuwer:
Jan Schokker is yn 1952 berne yn Oranjewâld as helte fan in twilling. Nei in technysk begjin komt it kreative yn him boppe en fan syn fjouwerentweintichste ôf is hy selsstannich mei in eigen stand- en beletteringsbedriuw. Skriuwen is fan jongs oan ôf in passy en útsein in tal toanielstikken, revu’s, ferhalen en misdiedromans, skreau er in boek oer eigen libben en wurk, De humor yn, en in roman oer twillingbroers Kabel en tou. Hy wennet yn Nijhoarne.

Titel: De heit | Skriuwer: Jan Schokker (Nijhoarne) | Tal siden: 210 | ISBN: 978-94-6365-454-8 | Priis: € 19,95

Boarne: Elikser

july 19, 2022 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.