Kom fan ’t simmer by boeren en túnkers en genietsje fan it plattelân

july 10, 2022 08:30

Nei in suksesfolle simmeredysje fan ‘Boeren en túnkers pakke út’ ferline jier, organisearje boeren en túnkers ek fan ’t simmer op in protte plakken yn Nederlân aktiviteiten foar elkenien, fan jong oant âld.

Foto: LTO Noard

Op www.boerenentuinderspakkenuit.nl binne alle aktiviteiten by jo yn ’e buert te finen. ‘Boeren en túnkers pakke yn ’e simmer út’ is in inisjatyf fan LTO Noard, ZLTO, Boert Bewust en Team Agro NL. “Wy nûgje jo graach út om fan ’t simmer te genietsjen fan it plattelân. Nettsjinsteande alle útdagingen fine wy it tige wichtich om op in positive manier de ferbining mei de mienskip op te sykjen”, seit LTO Noard-foarsitter Dirk Bruins. “Boeren en túnkers organisearje fan ’t simmer op in protte plakken yn Nederlân aktiviteiten foar elkenien, fan jong oant âld. It is hiel moai om te sjen hoe’t wy elkenien in aardige dei út biede kinne.”

Boeren en túnkers pakke út, foar in moaie simmer, foar elkenien
Elkenien kin fan ’t simmer by boeren en túnkers delkomme en genietsje fan aardige aktiviteiten op it plattelân. Men kin meidwaan mei in fyts- of kuiertocht, meihelpe mei it melken fan de kij, troch in spannend maisdoalhôf swalkje, of meigean mei in rûnlieding troch de stâl of op it hiem, krûpe mei bisten of meidwaan oan in kreatyf wurkatelier ‘ko skilderjen’.

Alle aktiviteiten binne te finen op www.boerenentuinderspakkenuit.nl.

Oer ‘Boeren en túnkers pakke út’
De simmeredysje is in inisjatyf fan LTO Noard, ZLTO, Boert Bewust en Team Agro NL. Boeren en túnkers soargje alle dagen foar ús iten en drinken en dat minsken genietsje kinne fan blommen en planten yn en om it hûs. Hja wurkje oan it lânskip, in moaie griene libbensomjouwing, it fersterkjen fan bioferskaat en duorsume enerzjy én biede rekreaasjemooglikheden oan foar wille yn eigen lân en omjouwing.

july 10, 2022 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.