Klapstoelkabaret op Skylge

july 11, 2022 08:45

Komeedzje bywenje op it strân mei de teannen yn it sân, fan ’t simmer kin it wer. Fan woansdei 10 augustus oant en mei sneon 13 augustus 2022 strykt popup-iepenloftpoadium Klapstoelkabaret op it strân fan Skylge del.

Foto: Korthals Stuurman Theaterbureau

Oan see by Strânhotel Skylge yn Formearum binne alle jûnen op in bûtenpoadium optredens fan hieltyd twa artysten út de Klapstoelseleksje te sjen, dy’t bestiet út kabaretiers dy’t stik foar stik al yn festivals spilen en prizen wûnen. De woansdeis en tongersdeis trede Thijs van de Meeberg en Lonneke Dort op en de freeds en sneons binne Anne Neuteboom en Musa te sjen.

It is de tredde kear dat Klapstoelkabaret – in inisjatyf oprjochte yn koroanatiid troch Korthals Stuurman Theaterbureau – der mei kabaret, sprutsen wurd, komeedzje en muzyk op útgiet. It idee foar Klapstoelkabaret is yn ’e maitiid fan 2020, ûnder de earste tichtplicht, ûntstien. Troch middel fan in mobyl poadium koene kabaretiers en lytskeunstners yn ’e bûtenloft optrede doe’t de teaters ticht wiene. It publyk naam sels in klapstoel mei.

It konsept waard sa omearme dat Klapstoelkabaret fan ’t simmer weromkomt. It mobile poadium makket it mooblik om kabaret nei unike lokaasjes te bringen. Foar in part bart dat yn gearwurking mei teaters, mar plakken dêr’t normaalwei nea teater te sjen is, binne ek yn ’e spyllist opnommen. “Wy bringe it festivalgefoel nei it publyk ta”, seit Hanneke Braam, kreatyf produsint by Korthals Stuurman Theaterbureau. “En yntrodusearje sa talintfolle kabaretiers oan in nij publyk.”

Skylge is ien fan de bysûndere plakken dêr’t it bûtenpoadium foar kabaret en lytskeunst fan ’t simmer hinnegiet. Klapstoelkabaret reizget fan juny oant en mei septimber troch hiel Nederlân. Kiki Schippers, Pieter Verelst, Vlamousse, Luan Buleshkaj, Bovenste Knoopje Open en Ramon Chatrer sille fan ’t simmer ek by Klapstoelkabaret te sjen wêze. Sjoch op www.klapstoelkabaret.nl foar de spyldata en kaarten.

Mei: Anne Neuteboom, Kiki Schippers, Thijs van de Meeberg, Vlamousse, Musa, Luan Buleshkaj, Ramon Chatrer, Pieter Verelst, Lonneke Dort en Bovenste Knoopje Open;
Spyldata: 8 juny o/m 18 septimber 2022 op ferskate plakken;
Produsint: Korthals Stuurman Theaterbureau.

Mear ynformaasje: www.klapstoelkabaret.nl.

july 11, 2022 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.