Keramykmuseum Prinsessehof lansearret itensiedersboek ‘Kunst en Koken’

july 25, 2022 08:47 Fernijd

Ein septimber komt Keramykmuseum Prinsessehof mei in primeur: it museum bringt in itensiedersboek út mei bysûndere resepten dy’t nasjonaal en ynternasjonaal bekende sjef-koks, kulinêr skriuwers, bakkers en oare besiele itenleafhawwers spesjaal betocht hawwe by servysguod út de kolleksje. Unyk is dat alle gerjochten presintearre wurde op en yn de kostbere, faak iuwenâlde boarden, skalen en kûmen sels. Yn it goed 400 siden tellende boek Kunst en Koken, Kookboek Keramiekmuseum Princessehof komme keramyske en kulinêre keunst foar it earst letterlik byinoar.

Foto foarkant boek: Erik en Petra Hesmerg (boarne: Prinsessehof)

Foto: Erik en Petra Hesmerg (boarne: Prinsessehof)

Foar it boek binne 45 topstikken selektearre út de kolleksje fan it Prinsessehof, ôfkomstich út Azië, it Midden-Easten en Europa. It âldste is in Sineeske skaal út de 9e iuw, it jongste in searje boarden fan it Dutch Design-duo Scholten & Baijings út 2016. Mei moaie foto’s en nijsgjirrige eftergrûnferhalen wurde al dy objekten foar it fuotljocht brocht. Njonken de kultuerhistoaryske eftergrûn fan de museale keramyk, biedt it boek tsientallen unike resepten fan ûnder mear Claudia Roden, Yotam Ottolenghi, Vanja van der Leeden, Dick Soek en Cees Holtkamp. Mei harren kostlike gerjochten hawwe se net allinnich de smaken fan East en West mei-inoar ferbun, mar ek de museumstikken út dy kultueren wer ta libben brocht.

Topkoks en gerjochten út alle wynstreken
Utsein út Nederlân hawwe koks út Sina, Japan, Korea, Tailân, Iran, Syrië, Turkije, Spanje, Portugal, Italië, Frankryk, België, Ingelân, Dútslân en Sweden in bydrage oan it boek levere. Harren status rint fan stjerresjef oant oanstjoarmjend talint. Sjef-kok en auteur fan itensiedersboeken Jean Beddington hat de tarieding en stilearring fan de gerjochten foar it boek op him nommen en levere sels ek in stikmannich passende resepten. Kunst en Koken jout in ferskaat oan gerjochten, fan ferskillende soarten sop en salades oant fleis, fisk en fegan, fan foargesetsjes oant taart, koekjes en neigerjochten. Net allinnich ferliedlik om te sjen, mar foar de thúskok mei ûnderfining ek goed sels te meitsjen.

Foto: Erik en Petra Hesmerg (boarne: Prinsessehof)

Kulinêre rûte
Yn ’e rin fan it jier kinne besikers fan it Prinsessehof in kulinêre rûte folgje by inkelde objekten út it itensiedersboek lâns yn de fêste presintaasje Fan East en West. By alve foarwerpen is in minydokumintêre te sjen, dêr’t de eftergrûnen fan it objekt en it tastânkommen fan it gerjocht yn beljochte wurde. Yn dy dokumintêren, realisearre troch SIJE.FILM binne de itensiederssesjes te sjen en fraachpetearen mei de dielnimmende sjefs, de konservatoaren en oare belutsenen.

Tafelje yn it Prinsessehof
In moanne nei it lansearjen fan it itensiedersboek iepenet it Prinsessehof in grutte útstalling dy’t sjen lit hoe’t Nederlân fiert: fan karnaval oant Keti Koti en fan Eid al-Fitr (Sûkerfeest) oant in brulloft. Oan ’e hân fan tolve ferskate feesten wurdt ûndersocht wat der allegear fierd wurdt, mei wa en hoe. Dêr stiet it tafeljen sintraal by, want feest en iten – en dêrmei ek keramyk – steane net los te faninoar. De útstalling Feest, dy’t fan 15 oktober 2022 o/m 20 augustus 2023 yn Ljouwert te sjen is, bestiet út tolve feestlike ynstallaasjes mei in grut ferskaat oan keramyk út de kolleksje fan it Prinsessehof en dierbere foarwerpen en ferhalen fan feestfierders út hiel Nederlân.

july 25, 2022 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.