JFM en FFU: ‘Fryske plaknammen foar Achtkarspelen’

july 14, 2022 08:22

Takomme tongersdei wurdt yn Achtkarspelen de kadernota 2023-2026 bepraat. De Jongfryske Mienskip en de Feriening Frysk Underwiis roppe de gemeente Achtkarspelen op om wurk te meitsjen fan Fryske plaknammen yn de Gemeentlike Basisadministraasje (GBA) en Basisregistraasje Adressen en Gebouwen (BAG).

Yn 2023 bestiet Achtkarspelen 685 jier en neffens de twa organisaasjes soe it in skoan momint wêze dat dizze gemeente ek yn ’e rige, nei Tytsjerksteradiel, Dantumadiel en Noardeast-Fryslân, syn Fryske kleur yn de GBA/BAG bekent. En soe in moasje dêrta yn de kadernota 2022 en bekrêftige yn de begruttingsried 2022 dêr in oanset by wêze kinne.

De ûndersteande mail mei brief (sjoch taheakke) is nei de riedsleden, riedsfoarsitter en riedsgriffy fan de gemeente Achtkarspelen stjoerd.

Taheakke: Brief Fryske plaknammen Achtkarspelen.

july 14, 2022 08:22
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. - july 14, 08:35

    Spitich fan de staveringsflaterkes yn de taheakke brief.

  2. wim july 14, 09:17

    Goeie saak!

    “It gerucht giet – en soks kin dochs net wier wêze? – dat de H&I’s fan de grutte doarpen yn
    Achtkarspelen de emansipaasje om te kommen ta formeel registrearre Frysktalige
    doarpsnammen yn de GBA/BAG tsjinhâlde.”
    Wat is H&I?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.