James Webb-romteteleskoop makket earste foto fan Jupiter

july 17, 2022 08:51 Fernijd

De nije James Webb-romteteleskoop hat hierskerpe bylden makke út de fierste úthoeken fan it waarnimbere universum. De teleskoop kin ek skerpstelle op objekten dy’t tichterby binne. De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA hat foto’s frijjûn fan Jupiter, dy’t de teleskoop foaral makke om syn ynstruminten te testen.

Jupiter (boarne: NASA)

Op de ynfrareadbylden binne net allinnich de planeet mar ek ferskate moannen en Jupiters tinne ringen skerp sichtber. “Ik kin net leauwe dat alles sa dúdlik en helder te sjen is”, sei Stefanie Milam, ien fan de planeetwittenskippers fan NASA. Neffens Bryan Holler, in kollega fan it Space Telescope Science Institute yn Baltimore, litte de foto’s sjen dat de James Webb mearsidich is. “De litte de folle omfang sjen fan wat Webb observeraje kin, fan de fierste stjerrestelsels oant planeten dy’t sels mei it bleate each te sjen binne.”

Nei moannen fan testen en kalibrearjen waarden ôfrûne tiisdei de earste echte foto’s fan de nagelnije teleskoop presintearre. De kommende tiid sil Webb syn enoarme spegel op folle mear kosmyske objekten rjochtsje. Wittenskippers meie der fersiken foar yntsjinje. Fan ’t simmer sil de teleskoop ûnder mear op twa eksoplaneten rjochte wurde. Dat binne planeten dy’t om in oare stjer as de sinne draaie.

Besjoch bylden fan NASA:

july 17, 2022 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.