Itenskrapte wankt troch dykblokkaden

july 4, 2022 22:37

Yn it begjin fan ‘e koroanatiid koene de Friezen efkes wenne oan heallege winkels, mar dat wie gau wer dien. No is it op ‘e nij sa fier: winkels hawwe gjin foarrie krige en dat is dúdlik te sjen. Benammen fruit en griente is der net. Leveransiers kinne troch dykblokkaden de winkels net berikke. Fierders kinne winkels klanten dy’t de boadskippen oan ‘e doar hawwe wolle, net berikke.

De nije miljeuplannen fan it Nederlânske regear hâlde yn dat in protte boeren harren wurk skielk net mear dwaan kinne. Hja komme manmachtich yn ferhef en sette diken ticht mei harren trekkers of ride stadich mei dy reauwen oer de diken nei plakken ta dêr’t hja demonstrearje. Hja blokkearje ek de tagong ta de distribúsjesintrums fan in stikmannich grute supermerken. Yn Fryslân giet it om it distribúsjesintrum fan de Aldi yn Drachten en dat fan de LIDL op it Hearrenfean.

july 4, 2022 22:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.