Ingelsk Rykstaal yn Dútslân?

july 4, 2022 22:37

Politisy yn Amsterdam en Brussel hawwe it idee alris spuid foar harren wurkgebiet en de Dútske liberale partij FDP stelt it no foar hiel Dútslân út: it Ingelsk ynfiere as twadde bestjoerstaal. Neffens de FDP moat Dútslân in ymmigraasjelân wurde en moatte de beheinings foar wurkjen yn Dútslân lytser wurde. Ien fan de manieren om dat te dwaan is dat bûtenlanners dy’t wol Ingelsk kenne, mar gjin Dútsk, maklik troch de oerheid holpen wurde kinne.

De Friezen yn Dútslân stribje – lykas de Denen, Sorben en Nedersaksen – al tsientallen jierren nei erkenning fan harren taal en de mooglikheid om dy yn it kontakt mei de oerheid te brûken. Dat is oant no ta mar tige beheind mooglik.

Nije Europeeske regels soargje der boppedat foar dat lannen skielk ferplichte wurde om allegear oerheidstsjinsten online yn op syn minst ien frjemde taal oan te bieden. Nederlân hat derfoar keazen om dat yn it Ingelsk te dwaan en de measte Dútske oerheden sille dêr nei alle gedachten ek foar kieze. Dat makket de konkurrinsje foar lytse talen lykas it Frysk grutter.

july 4, 2022 22:37
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. L july 5, 07:29

    Dan tenei te uzes Frysk en Ingelsk.

  2. Jan A. Schulp july 7, 11:54

    Is dit dan dochs it begjin fan ‘omfolking’ (ik ha sels mar efkes in nij Frysk wurd makke). Is dat dan eigentlik mear as allinnich in komploteory? Ik freegje mar….

  3. mbc84 july 8, 08:42

    Tink der om Jan, samar omfolking roppe is gefaarlik hear. Is allinnich mar in komplot, is neat fan wier. Wier net… Wier net hear. Wy moatte al it frjemdfolk maksimaal akkommodearje, sa’t der foar ús gjin plak mear is. Dat is it moaiste, want wy binne blank en âld slavehandlers, dat wy hawwe it op it lêst ek fertsjinne… Fuort mei ús, lang libje de ‘diversiteit’…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.