In fleurige sirkusdei foar bern yn azc’s

july 11, 2022 09:29

It rûnreizgjende Circus Piccolo fan stifting Wolkentheater sil fan ’t simmer bern yn asylsikerssintra opfleurje. It selskip, hast tritich jier lyn oprjochte troch in stikmannich flechtlingen út it eardere Joegoslavië, makket dat bern mei in traumatysk ferline wille meitsje, soargeleas genietsje en wer gewoan bern binne.

Circus Piccolo (foto: Goedele Monnens – rjochtefrij)

De simmerfakânsje is foar bern yn azc’s in ekstra drege perioade: de skoalle is ticht, der is net folle ôflieding en wylst oaren op fakânsje geane, bliuwe sy út need de hiele simmer efter. Just dêrom wol it Wolkentheater dan in sirkustoernee organisearje by in protte azc’s troch it hiele lân troch. Yn ’e iepenloft wurdt in festivalsfear kreëarre: tintsjes wurde opset, flachjes ophongen, tafels en bankjes delset.

By it wurkatelier foarôfgeand oan de sjo feroarje de bern yn ‘pistereeë’ jongleurs, akrobaten, krêftpatsers, klowns, fakirs, ensafhuorthinne. It hichtepunt fan it evenemint is de foarstelling sels, in optreden troch alle ‘sirkusartysten’, bern fan asylsikerssintra mei de spilers fan it Wolkentheater. It evenemint einigt mei in fleurige sirkusdisko foar alle oanwêzigen. Ranje en koekjes sille dêrby net ûntbrekke.

Yn Fryslân is Circus Piccolo te sjen en te belibjen op de neikommende lokaasjes en data:

  • Azc Balk – sneon 16 july 2022 om 15.00 oere;
  • Azc Burgum – snein 17 july 2022 om 11.00 oere;
  • Azc Drachten – snein 17 july 2022 om 15.00 oere.

De foarstellingen hawwe in besletten karakter. Mear oer it Wolkentheater is te finen op www.wolkentheater.nl.

july 11, 2022 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.