Hjoed foar jild, moarn foar neat
Resint ferskynd
Folksferhaal
Der wie in kastlein, dy hie net folle nearing yn ’e herberch. Der wie te folle konkurinsje fan de stille sûphúskes, want dy diene it goedkeaper. Hy tocht, hjir moat ik wat op útfine. Der kaam in úthingboerd boppe de doar en dêr stie mei grutte letters op: Hjoed taapje ik foar jild, mar moarn foar neat!
No, dat seagen de fêste herberchrinners ek. Dy deis giene se noch nei de stille kroech, mar de oare deis kamen se by him. Se kochten in slok ekstra, want it wie foar neat, no? Dat stie op it boerd. Mar doe’t se genôch hân hiene, sei de kastlein: “No soe ’k wol efkes ôfrekkenje wolle – dat wurdt sa en safolle.”
“Ho ris!” seine se, “dit komt net út. Sa stiet it net op jo úthingboerd.”
“O nee?” frege de kastlein, “wat is it dan no? Hjoed is by my hjoed, dus, no moatte jim betelje.”
De klanten hiene wol yn ’e rekken dat se deryn rûn wiene, mar se woene it har net skine litte.
“Jo ha gelyk, man!” seine se en lutsen oan ’e beurs.
Yn ’e grûn heine se wol aardichheid oan ’e grap; se praten oaren nei dy kastlein en sels kamen se ek wer, om te sjen hoe’t dy it namen. Sadwaande krige er stadichoan mear klandyzje, en it úthingboerd hat er mar holden.
Ype Poortinga
Dit ferhaal is, mei skriftlike tastimming fan de erfgenamten fan de skriuwer, oernommen út Ype Poortinga, De held en de draek, folksferhalen fan Roel Piters de Jong. Dat mânske boek waard – ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy (nr. 537) – yn 1978 útjûn troch Bosch & Keuning nv, Baarn en De Tille bv, Ljouwert. It is it tredde diel fan de rige Fryske Folksferhalen dêr’t de skriuwer Ype Poortinga (1910-1985) ferhalen yn neifertelde dy’t er ‘yn it fjild’ opfongen hie.
Ien fan syn fertellers wie Roel Piters de Jong, berne yn 1905 te Ousternijegea, in man mei in ôfgryslik goed ûnthâld, dêr’t Poortinga 154 ferhalen fan yn De held en de draek opskreaun hat.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje